Beliedsplan Hegebeintum
Beliedsplan Hegebeintum
Beliedsplan Frysk oekumenysk wurkferbân Hegebeintum
De grûnslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide (neffens Romeinen 10:9).
Doelstelling:
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum hat ta doel om regelmjittich earetsjinsten yn de Fryske taal yn de tsjerke fan Hegebeintum te hâlden
Utfiering;
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum hat in bestjoer wat teminsten út fiif persoanen bestiet
Dat wol sizze in Foarsitter, in skriuwer, in ponghâlder en in tsjinsten fersoarger. Derby is ek noch in koster/kofje funksje winsklik.
De Foarsitter is it oansprekpunt fan de stichting en ropt de gearkomsten by elkoar en hat it tekenfoech fan de stichting.
De ponghâlder kin de gewoane deistige saken betelje en docht der fan yn elke gearkomste ferslach fan.
Makket in finansjeel jierferslach . Kontante jildstreamen wurde telt neffens fjouwer eagen prinsipe
De preekfoarsjenner soarget foar de ynfolling fan de tsjinsten
Fan de bestjoersleden wurdt ferwachte dat sy op in yntegere wize stean foar de belangen fan de stichting.
It bestjoer komt regelmjittich by inoar om ien en oar hannen en fuotten te jaan.
It bestjoer organisearret elke earste snein fan de moanne in oekumenyske tsjinst yn de Tsjerke fan Hegebeintum. Op Wite tongersdei wurdt in iepen Hillich Nachtmiel fiert en is der Krystnacht en âldjiersjûn in tsjinst.
Yn de tsjinsten wurdt in ferskaat oan tsjerklike streamingen oanbean yn de breedste sin fan it wurd. Derby is elk wolkom.
De Fryske taal is de sprek en sjong taal yn de tsjinsten.
Beleanning belied.
Utsein de fergoedingen foar muzyk, sang, kofje en tee en preekjen yn de tsjinsten wurde der gjin fergoedingen betelle.
De bestjoersleden dogge harren wurk yn it bestjoer en tsjinsten ûnbetelle en as willewurk.