Frysk Oekumenysk Wurkferbân
Alle moannen komme wy byelkoar yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen. Mar wa wie Sint Anna?
Ik sil besykje dêr in antwurd op te jaan. Sint Anna wie de mem fan Maria. Yn it apokrife evangeelje fan Jacobus wurdt ferteld dat der in âlde priester wie dy't mei syn frou Anna yn Jeruzalem wenne. Hja hienen gjin bern. Doe't Joachim op in dei nei de timpel gie om te offerjen waard him de tagong wegere om't hja al 20 jier troud wienen en noch gjin bern hienen. Doe't Joachim op it fjild oan 't wurk wie krige hy in ferskining fan in ingel dy't him oansei dat er in bern krije soe. Ek Anna hie sa'n ferskining belibbe en dêrnei krigen hja it bern Maria. Maria dy't letter de mem wurde soe fan Gods soan; Jezus. Sint Anna is dus de beppe fan Jezus. De ferearing fan Sint Anna kaam yn West Europa wat letter op gong as yn it easten. It ûntstie yn de 8ste ieu, mar naam ta doe't de krúsfarders Anna-relikwyen meinamen. Yn 'e 16e ieuw waarden in soad tsjerken en altaren oan de Hillige Anna wijdt. Luther wie ien fan dyjingen dy't de Annakultus fûl oanfoel mar koe net behinderje dat yn 1584 it feest fan Anna ferplichte waard foar de hiele tsjerke. De feestdei fan Joachim en Anna is op 26 july. Yn de kunst sjogge wy Sint Anna hieltyd ôfbylde mei Maria en Jezus, it saneamde Sint-Anna te drieën.
Sint Anna wurdt ek wol de patrones neamd fan: houlik, berte, lokkich houlik, berneseine, memmen, widdo's, húsfroulju, wurksters, mynwurkers, kantklossers, mûnders, merkkeaplju, touslaggers, houtsnijers, wevers, kleanmakkers, feinten en ferlern guod.
Hja is patrones tsjin: oerdiedige rein, swier waar en hja is in helper yn need.
Joachim, pake fan Jezus, is patroan fan echtpearen, meubelmakkers en linnenhandelers.
Der binne ek in pear spreuken dy't ûntliend binne oan Sint Anna:
Daar loopt iets fan St.-Anna (of St. Anneke) onder.
- dit wurdt wol sein fan in faam dy't net as maagd it houlik yn giet.
Zij zit al/of zij blijft nog in Sint Anna's schapraai (etenskast, huishouding).
- Dat wurdt sein as in faam gjin kâns mear hat om te trouwen en bern te krijen.
In pear waarspreuken binne wijd oan de feestdei fan Sint Anna (26 july)
Bouwen op Sint Anna de mieren bergen, dan zal ons de winter tergen. (26 july)
Bouwt op Sint Anna de mier haar hopen, de winter zal niet zacht verlopen. (26 july)
© Pytsje de Graaf
Begjin 1997 kamen der 4 minsken byelkoar, Mame Braaksma, Anneke Bos, Sjoerd Hoogland en Pytsje de Graaf. Yn Ternaard wienen 3 tsjerken, de Grutte Tsjerke, de LytseTsjerke en de Minnistetsjerke. Dizze minnistetsjerke stie oan de foarjûn fan sluting. En de fraach dêr’t dizze 4 minsken harren oer bûgden wie: hoe behâlde wy de funksje fan tsjerke yn it gebou. De famylje Elzinga húsfeste yn it hûs, en it Bibels Museum hie har ûnderkommen yn it Klaaszeshûs. Dy 4 inisjatyfnimmers sochten kontakt mei dû Klaas Visbeek, en op dat stuit wienen der yn Fryslân in pear Frysk Oekumenyske Wurkferbannen wurksum. Besletten waard om yn de Minnistetsjerke fan Ternaard ienkear yn ‘e moanne in Frysketsjinst te hâlden en om de PKN-gemeente net yn it farwetter te sitten waarden de tsjinsten om 16.00 oere hâlden. De earsttsjinst waard hâlden op 28 septimber 1997 en ds. G. Hoekstra wie de foargonger. De besikersoantallen hâlden net oer op dit tiidstip. De inisjatyfnimmers gienen op syk nei in oare lokaasje en fûnen yn Hantumhuzen ûnderdak yn de Sint Annatsjerke. En dat is noch altyd it plak dêr’t it FOWD gear komt. Al rillegau kaam der fan de kant fan de gemeente Hantum c.a. de fraach oft men ek gearwurkje koe en sa waarden der ôfspraken makke dat 4 tsjinsten ûnderferantwurdlikheid fan Hantum c.a plakfine sille en de oare tsjinste nûnder ferantwurdlikheid fan it FOWD. En sa wurket it noch altyd. De tsjinsten wurde altyd omliste mei muzikale bijdragen fan koaren en/of muzikanten. Mar wat minstens sa wichtich wie en is binne de petearen nei ôfrin fan de tsjinst. Under it geniet fan in bakje kofje wurdt de preek faak noch oereide. Ik wol einigje mei in sitaat dy’t ik by it 5 jierrich bestean útsprutsen haw:
Fiifjier FOWD, ik hoopje dat it noch lang trochgean mei. De moeting mei minsken fan ferskate rjochtings, sûnderelkoar yn hokjes te pleatsen, harkje nei it wurd fan God, it jout jins libben safolle rykdom, dat men dielemoat mei in oar. Dêrom hoopje ik jimme yn de takomstwer te moetsjen yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Pytsje de Graaf,
âldfoarsitter FOWD
Besjoch de fryske tsjinsten hjir.