Frysk Oekumenysk Wurkferbân
beliedsplan Hantumhuzen
De grûnslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide (neffens Romeinen 10:9).
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel hat ta doel om regelmjittich earetsjinsten yn de Fryske taal yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen te hâlden
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel hat in bestjoer wat teminsten út fiif persoanen bestiet
Dat wol sizze in Foarsitter, in skriuwer, in ponghâlder en in tsjinsten fersoarger. Derby is ek noch in koster/kofje funksje winsklik.
De Foarsitter is it oansprekpunt fan de stichting en ropt de gearkomsten by elkoaar en hat it tekenfoech fan de stichting.
De ponghalder kin de gewoane deistige saken betelje en docht der fan yn elke gearkomstig ferslach fan.
makket in finansjeel jierferslach . Kontante jildstromen wurde telt neffens fjouwer eachen prinsiepe
De tsjinsten fersoarcher soarchet foar de ynfulling fan de tsjinsten
Fan de bestjoersleden wurdt ferfachte dat sy op in integere wize stean foar de belangen fan de stichting.
It bestjoer komt regelmjittich by inoar om ien en oar hannen en fuotten te jaan.
It bestjoer organisearret elke tredde snein fan de moanne in oekumenyske tsjinst yn de Sint Anne Tsjerke fan Hantumhuzen.(útsein de moannen July en Augustus)
Sy docht dit 3-4 kear yn oerlis mei de PTN fan Hantum.
Yn de tsjinsten wurdt in ferskaat oan tsjerklike streamingen oanbean yn de breedste sin fan it wurd. Derby is elk wolkom.
Ien kear yn it jier sil der in iepen Hillich Nachtmiel hâlden wurde.
De Fryske taal is de sprek en sjong taal yn de tsjinsten.
Utsein de fergoedingen foar muzyk,sang, kofje en tee en preekjen yn de stjinsten wurde der gjin fergoedingen betelle.
De bestjoersleden dogge harren wurk yn it bestjoer en tsjinsten ûnbetelle en as willewurk.
Besjoch de fryske tsjinsten hjir.