Pastoraat Hantumhuzen

PASTORAAT OFTEWOL OMTINKEN FOAR MEKOAR


It doel fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is om regelmjittich earetsjinsten te hâlden yn de Fryske taal yn de St. Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Wy binne ek hiel bliid om dat 10 kear yn ‘t  jier dwaan te kinnen. Fan dy 10 kear binne 3 tsjinsten yn gearwurking mei de PTN Hantum.

Op de tredde snein fan de moanne komme der in protte minsken nei Hantumhuzen om de ienheid yn Kristus te fieren.
De besikers komme út in grút ferskaat oan wenplakken en út in ferskaat oan tsjerken. Mar net alle besikers hawwe (noch) in like sterke ferbining mei in tsjerklike gemeente of parochy.

De fraach kaam: wat kinne wy dwaan mei minsken, dy’t  gjin of net in soad tsjerklike bining hawwe? As der net direkt in dûmny, pastor of pastoar frege wurde kin, wêr moatte wy dan hinne foar it saneamde pastoraat, it omtinken foar mekoar.
It Wurkferbân is yn dit opsjoch gjin tsjerklike gemeente.

Dochs wolle wy ek in iepen each en ear foar mekoar hawwe as dêr ferlet fan is!
We bin dus ek tige optein dat dû P.Beintema ree is om ús pastoraal adviseur te wêzen.
Hy wol ek de besykers fan it wurkferbân pastoraal ondersteune at der ferlet fan is.

                                                                                                             

 

Wolle jo in Fryske tsjerketsjinst bywenje?

Besjoch de fryske tsjinsten hjir.