JIERFERSLACH FOWD HANTUMHUZEN 2025
Dit jierferslach jout in oersjoch fan’e wichtichste saken dy ’t foarfallen binne yn it ôfrûne jier.
Der ha yn 2025 tsien tsjinsten west. Fierder wiene der 3 tsjinsten yn gearwurking mei de PTN Hantum c.a.
De tsjinsten waarden besocht. troch rûchwei 40 – 50 besikers it kear. Troue besikers, mar ek nije gesichten derby.
Wy besykje by de gearkomsten yn’e monumintale St. Annatsjerke yn Hantumhuzen muzikale meiwurking te regeljen en krije derby faak stipe fan muzisi út Noardeast-Fryslân. Dit makket fan’e tsjinsten in moai gehiel. De oargelisten begeliede it sjongen.
It Iepen Hillich Nachtmiel fierden wy yn oktober tegearre mei de PTN Hantum c.a.
Yn 2024 is it bestjoer útwreide mei in nij bestjoerslid: Jacob de Hoop fan’e Lytse Jouwer. It bestjoer hat trije kear by innoar west oer de deistige gong fan saken. Fedde Breeuwsma is foarsitter, Tineke Toren skriuwer en Harke de Graaf ponghâlder. Andrea Plantinga, Lizeke de Haan en Jacob de Hoop algemiene leden. As fertsjintwurdiger fan de PTN Hantum c.a. slút Hilda Veeninga oan.
Wy fine it wichtich nei elkoar om te sjen en iepen each en ear foar elkoar te hawwen. Dû. P. Beintema is beskikber as pastoraal
adfiseur by FOWD Hantumhuzen.
Oant safier it jierferslach oer it ôfrûne jier 2025. As bestjoer hawwe wy mei in soad nocht en wille de tsjinsten organisearre en wy hoopje dat wy dit noch hiel lang dwaan meie.
JIERFERSLACH FOWD HANTUMHUZEN 2024
Dit jierferslach jout in oersjoch fan’e wichtichste saken dy ’t foarfallen binne yn it ôfrûne jier.
Der ha yn 2024 tsien tsjinsten west. De earste tsjinst yn 2024 wie bysûnder, dy waard alhiel fersoarge troch Jiddysk muzykselskip Samoosara. Fierder wiene der 3 tsjinsten yn gearwurking mei de PTN Hantum c.a. De tsjinsten waarden besocht. troch rûchwei 40 – 50 besikers it kear. Troue besikers, mar ek nije gesichten derby.
Wy besykje by de gearkomsten yn’e monumintale St. Annatsjerke yn Hantumhuzen muzikale meiwurking te regeljen en krije derby faak stipe fan muzisi út Noardeast-Fryslân. Dit makket fan’e tsjinsten in moai gehiel. De oargelisten begeliede it sjongen.
It Iepen Hillich Nachtmiel fierden wy op 20 oktober tegearre mei de PTN Hantum c.a.
Yn 2024 is it bestjoer útwreide mei in nij bestjoerslid: Jacob de Hoop fan’e Lytse Jouwer. It bestjoer hat trije kear by innoar west oer de deistige gong fan saken. Fedde Breeuwsma is foarsitter, Tineke Toren skriuwer en Harke de Graaf ponghâlder. Andrea Plantinga, Lizeke de Haan en Jacob de Hoop algemiene leden. As fertsjintwurdiger fan de PTN Hantum c.a. slút jelle Miedema oan.
Wy fine it wichtich nei elkoar om te sjen en iepen each en ear foar elkoar te hawwen. Dû. P. Beintema is beskikber as pastoraal
adfiseur by FOWD Hantumhuzen.
Oant safier it jierferslach oer it ôfrûne jier 2025. As bestjoer hawwe wy mei in soad nocht en wille de tsjinsten organisearre en wy hoopje dat wy dit noch hiel lang dwaan meie.
JIERFERSLACH FOWD HANTUMHUZEN 2023
Dit jierferslach jout in oersjoch fan’e wichtichste saken dy ’t foarfallen binne yn it jier ôfrûne jier.
Der binne yn 2023 tsien tsjinsten organisearre ûnder oare trije yn gearwurking mei de PTN Hantum c.a. De tsjinsten wurde gelokkich stadichoan wer better besocht, Rûchwei 30 besikers it kear koene wy yn 2023 ferwolkomje by de tsjinsten dy’t wy hâlden ha. In tal troue besikers, mar ek nije gesichten derby.
Wy besykje by de gearkomsten yn’e monumintale St Annatsjerke muzikale meiwurking te regeljen en krije derby faak stipe fan muzisi út Noardeast-Fryslân. Dit makket fan’e tsjinsten in moai gehiel.
It Iepen Hillich Nachtmiel fierden wy op 15 oktober tegearre mei de PTN Hantum c.a.
It bestjoer hat trije kear in gearkomste hâlden oer de deistige gong fan saken. De taken binnen it bestjoer binne opnij ferdield. Fedde Breeuwsma is foarsitter, Tineke Toren skriuwer en Harke de Graaf ponghâlder. Andrea Plantinga en Lizeke de Haan algemiene leden. As fertsjintwurdiger fan de PTN Hantum c.a. slút Jelle Douwe Miedema oan.
Wy fine it wichtich nei elkoar om te sjen en iepen each en ear foar elkoar te hawwen. Dû. P. Beintema út Dokkum hat him beskikber steld as pastoraal adfiseur by SOWD Hantumhuzen.
Oant safier it jierferslach oer it ôfrûne jier 2023. As bestjoer hawwe wy mei in soad nocht en wille de tsjinsten organisearre en wy hoopje dat wy dit noch hiel lang dwaan meie.
Jierferslach 2022
-Der bin 10 tsjinsten organisearre wer fan fjouwer yn gearwurking mei de P.T.N. út Hantum
Nei Koroana komt de tsjerkebesite dreech op gong
De stjinsten mei Muzyk of sang wurde better besocht.
Yn 2022 is foar de fierde kear it iepen hillich Nachtmiel hâlden.
-It bestjoer hat trije kear in gearkomste hâlden oer de deistige gong fan saken.
-Der is ien oerlis west mei it wurkferbân fan Hegebeintum . Der yn is ôfsprutsen dat we wer mooglik gearwurkje sille en elkoars tsjinsten yn de jierboekjes sette.
-Yn gearwurking mei Hegebeintum is in nije hiemside ta rêd. De Hiemside ûnder de namme frysketsjinsten.nl sil fan ôf 1 jannewaris 2020 yn de loft wêze.
- Lieuwe Nicolai is ferstoan op 21 desimber 2021.wy sille him tige misse. .
-Tineke Toren komt it bestjoer fersterken.
We sykje op in ferfanger as foarsitter en der komt is in nije ferstintwurdiger fan út de PTN Hantum
Der is nij belied makke yn ferbân mei de nije privacy wetjouwing. (sjoch hiemside) Dit is troch Pytsje de Graaf oersetten yn it frysk