jierferslach Hegebeintum

Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum                                    
Skriuwerskip: Sipke Talsma

Dit jierferslach behandelt de wichtichste punten dy ’t foarfallen binne sûnt ús jiergearkomste op 20 maart 2024.

De doelstelling fan ús stifting is om regelmjittich Frysktalige earetsjinsten te hâlden yn de tsjerke fan Hegebeintum.  De earste snein fan ‘e moanne is der in tsjinst. Eltse kear mei in oare foargonger. De iene kear in âlde bekende, mar ek dûmnys dy’t foar it earst by ús as foar it earst yn it Frysk foargeane, kinne by ús te plak.

Dêrneist binne der tsjinsten op Krystjûn, Aldjiersjûn en it Hillich Nachtmiel west.
It Hillich Nachtmiel fiere op wite Tongersdei bliuwt altyd bysûnder: Jûns by kearsljocht stilstean by it libben en stjerren fan Jezus en yn stilte de tsjerke útgean.

De tsjinst fan maaie is ynfolle troch in diel fan it Kwartettenkoar.
Krystjûn wie dit jier mei meiwurking van Gospel duo “Twa foar Him”. fan Mitselwier
De tsjerke wie as fan âlds fol, wat moai dit mei te meitsjen.
De grutte promoasje fan Jannie Boersma fia FB hat faaks ynfloed?.
Ek wurde de tsjinsten no yn it tsjerke krantsje fan Ferwert fermeld.
Grutte oantallen lykas eartiids binne foarby, de leeftyd fan ús besikers hat hjir mei te krijen. Mar wy meie abslút net kleie, mei meastal om de fjirtich besikers.
Wol fyn is it  om te sjen dat der dochs elke tsjinst wer meardere nije besikers binne.
It bestjoer is fersterke mei Anneke Kamma dy’t wolkom hitten is op de 1e snein fan desimber. Wy draaie op it stuit mei 5 bestjoersleden.
Novimber wie der it jierlikse kofjedrinken yn it Lyts Lokaal boppe op de terp. Altyd wer in moai momint om efkes by te praten mei elkoar en de opkomst wie goed.

De Beintumer Bân is wer yn desimber útjûn.

It bestjoer hat fan of april ôfrûne jier 3 kear by elkoar west.

As lêste wolle wy noch stilstean by it ûntfallen fan
Willem Abma yn july 2024. Abma  hat wol yn Hegebeintum as foargonger west.
Frou Breeuwsma-Hofman septimber 2024. (Frou fan Fedde Breeuwsma fan it wurkferbân Dongeradiel.)
Alie Vroom septimber 2024
Hein Sterk jannewaris 2025

Dit wie it jierferslach oer it ôfrûne jier. As bestjoer hawwe wy mei in protte nocht en wille de tsjinsten organisearre en wy hoopje dat wy dit noch hiel lang dwaan meie. 

Maart 2025,




Foarsitter: Willy Feenstra                               Skriuwer: Sipke Talsma

                                        


Jierferslach 2023

Dit jierferslach behandelt de wichtichste punten dy ’t foarfallen binne sûnt ús jiergearkomste op 29 maart 2023.


De doelstelling fan ús stifting is om regelmjittich Frysktalige earetsjinsten te hâlden yn de tsjerke fan Hegebeintum.  De earste snein fan ‘e moanne is der in tsjinst. Eltse kear mei in oare foargonger. De iene kear in âlde bekende, mar ek dûmnys dy’t foar it earst by ús as foar it earst yn it Frysk foargeane, kinne by ús te plak.

Krekt nei de jiergearkomste fan foarich jier wie de tongerlieder fan de tsjerke stellen nei de iepening fan de nije ljochten rûnom de tsjerke.

Yn april in skinking ûntfongen fan FOW Earnewâld, fanwege it opsizzen fan har FOW wat fansels spitich is.

Dêrneist binne der tsjinsten op Krystjûn, Aldjiersjûn en it Hillich Nachtmiel west.
It Hillich Nachtmiel fiere op wite Tongersdei bliuwt altyd bysûnder: Jûns by kearsljocht stilstean by it libben en stjerren fan Jezus en yn stilte de tsjerke útgean.

Krystjûn wie dit jier mei meiwurking van Thirza Fekkes. De tsjerke wie as fan âlds fol, wat moai dit mei te meitsjen. De grute promoasje fan Jannie Boersma fia FB hat ynfloed.
Ek wurde de tsjinsten no yn it tsjerke krantsje fan Ferwert fermeld.
Grutte oantallen lykas eartiids binne foarby, de leeftyd fan ús besikers hat hjir mei te krijen. Mar wy meie abslút net kleie, mei meastal om de tritich besikers; wa wit wat de promoasje van Jannie Boersma teweibringe sil.
Wol fyn  om te sjen dat der dochs elke tsjinst wer meardere nije besikers binne.
Wy fernimme yn it finen fan bestjoerders, dat dit  hieltyd dreger wurdt. Op it stuit draaie wy mei 4 bestjoersleden dat dit wurdt wol in punt fan soarch.
De Beintumer Bân is wer yn desimber útjûn.

It bestjoer hat fan of april ôfrûne jier 3 kear by elkoar west.

Novimber wie der it jierlikse kofjedrinken yn it Lyts Lokaal boppe op de terp. Altyd wer in moai momint om efkes by te praten mei elkoar en de opkomst wie goed.

As lêste wolle wy noch stilstean by it ûntfallen fan
Nico de Groot (26-4-2023) man fan Aeltsje de Groot dy ‘t wol foargiet yn Beintum.
2 septimber Sijtske van der Meij - Tadema
Jacobus Knol (30-11-2023) mei oprjochter fan ús FOW.
Paulus Hettinga (hat hjir wol preke; 10-1-2024) en bestjoerslid fan it FOW Hjerbeam.

Dit wie it jierferslach oer it ôfrûne jier. As bestjoer hawwe wy mei in protte nocht en wille de tsjinsten organisearre en wy hoopje dat wy dit noch hiel lang dwaan meie. 

Maart 2024,




Foarsitter: Willy Feenstra                               Skriuwer: Sipke Talsma





___________________________________________________________________________

Dit jierferslach behandelt de wichtichste punten dy ’t foarfallen binne sûnt ús jiergearkomste op 30 maart 2022.

De doelstelling fan ús stifting is om regelmjittich Frysktalige earetsjinsten te hâlden yn de tsjerke fan Hegebeintum.  De earste snein fan ‘e moanne is der in tsjinst. Eltse kear mei in oare foargonger. De iene kear in âlde bekende, mar ek dûmnys dy’t foar it earst by ús as foar it earst yn it Frysk foargeane, kinne by ús te plak.

Dêrneist binne der tsjinsten op Krystjûn, Aldjiersjûn en it Hillich Nachtmiel west.
It Hillich Nachtmiel fiere op wite Tongersdei bliuwt altyd bysûnder: Jûns by kearsljocht stilstean by it libben en stjerren fan Jezus en yn stilte de tsjerke útgean.

Krystjûn wie dit jier mei meiwurking fan muzikanten op dwersfluit en marimba.

It hat lang duorre mar lokkich genôch koene we nei in lange stille perioade yn maart 2022 wer los mei de tsjinsten nei in lange stilstân fanwege de koroana; hoewol yn guon tsjerken wol tsjinsten hâlden waarden wie dat hjir net ferantwurde mei de lytse romte en in gemiddeld  hege leeftyd fan de besikers. De earste kear wiene der tsien besikers ynklusyf dûmny, mar stadich oan naam it tal besikers wer ta.
Sa fol dat wy wer stuollen nedich hawwe lykas earder bard is wie net nedich en dy kâns is lyts dat dit noch wer barre sil. Wol hawwe wy dit jier tusken de 40 oant 50 besikers mei makke. De leeftyd fan ús besikers hat hjir mei te krijen. Ôfnimmende sûnens of ferstjerren makket dat fêste gesichten ferdwine.
Wol fyn  om te sjen dat der dochs elke tsjinst wer meardere nije besikers binne.
Wy fernimme ek yn it finen fan bestjoerders, dat dit  hieltyd dreger wurdt. Op it stuit draaie wy mei 4 bestjoersleden dat dit wurdt wol in punt fan soarch.

It bestjoer hat fan of april ôfrûne jier 3 kear by elkoar west. Derneist hawwe  wy 1 kear oerlis han mei Hantumhuizen. Ús nije webside is ek yn gearwurking mei it F.O.W.  Dongeradiel ta stân kaam (frysketsjinsten.nl)
Yn de simmer ha wy in wiksel fan de ponghâlder hawn.

Troch de nije WBTR wet (wet bestuur en toezicht rechtspersonen) dy ’t in útwreiding kin foar de oanspraaklikheid fan bestjoersleden wurdt it kollekte jild no nei de tsjerketsjinst troch twa bestjoersleden teld. Sa komme âlde tiden wer werom yn Beintum. It jild wurdt op it jildplankje foar yn it fjouwerkant teld. Yn dit plankje sit in útsparring wêr troch it jild maklik yn in pûdsje skoot wurde kin. Hjir is eartiids al goed oer neitocht.

Op ‘e jiergearkomste  fan it ôfrûne jier hat de sprekker foar ús in lyts selsmakke roubuordsje skonken fan Louisa Albertina van Nysten yn ôfwikende kleuren as it rouboerd dat yn tsjerke hinget. Dit roubuordsje hat in plakje yn ‘e konsistoarje krigen.

Novimber wie der it jierlikse kofjedrinken yn it Lyts Lokaal boppe op de terp. Altyd wer in moai momint om efkes by te praten mei elkoar en de opkomst wie goed.

Ôfrûne winter wie it wat donkerder yn tsjerke doe’t der trije ramen restaurearje binne, wêr tydlik houten platen foar yn it plak wiene.

As lêste wolle wy noch stilstean by it ûntfallen fan Mathys Politiek. Nei mear as twa jier sykte is op 27 jannewaris fan dit jier Mathys fan ús hinne gean.  Foarich jier wy Mathys Politiek hjir noch as ponghâlder oanwêzig
Mathys hat 13 jier lang yn it bestjoer sitten. Earst as algemien bestjoerslid, letter as preekfoarsjinner en de lêste jierren ek as ponghâlder.  Ofrûne jannewaris is er ferstoarn. Wy misse hjirmei in belutsen bestjoerslid.

Dit wie it jierferslach oer it ôfrûne jier. As bestjoer hawwe wy mei in protte nocht en wille de tsjinsten organisearre en wy hoopje dat wy dit noch hiel lang dwaan meie. 

Maart 2023,


                                        



 

Wolle jo in Fryske tsjerketsjinst bywenje?

Besjoch de fryske tsjinsten hjir.