Skiednis Hegebeintum

It ûntstean fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum
Oernommen út:
“DE FIIF FRYSKE OEKUMENYSKE WURKFERBANNEN YN FRYSLAN”
skriuwer Ds. Klaas Visbeek



Sûnt jier en dei binne yn 'e tsjerke op de heechste terp fan Fryslân tsjinsten holden. Faaks wol 4 ieuwen eucharisty ûnder Roomsk bewâld en benei 4 ieuwen nei de Reformaasje as Nederlânsk Herfoarme Gemeente. Mar ek hjir moast nei oare wegen socht wurde. Mei yngong fan 1997 holden de tsjinsten op, om't de lêste 18 leden oergean soenen nei Ferwert en it tsjerkegebou waard oerdien oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De 15 jier dêrfoar wie der noch om de 3 of 4 wike tsjinst. Doe't dúdlik waard, dat de doar mei yngong fan it nije jier ticht bliuwe soe, hawwe wy (K.V.) dit mei de sittende tsjerkeried bepraat en útsteld: besykje it op in oare wize, sa as bygelyks yn Herbeam. De Fryske tsjinsten wienen yn Hegebeintum ek wol sa goed beset as de Hollânsktalige. Sa wie der op tongersdei 11 april 1996, jûns om 8.00 oere in gearkomst yn de tsjerke op 'e terp. It ien en oar wie yn de kranten oankundige. As motto wie keazen: "Hâld Hegebeintum heech!" Wim van der Schaaf wie útnoege om te fertellen hoe't it yn Hjelbeam om en ta gie. Hy hie mei 15 jier foarsitterskip in heap ûnderfining mei it model Hjelbeam. Mear as fjirtich minsken kamen op de útnoeging ôf, Wy liezen út Johannes 15 oer de druvebeam en de ranken en lutsen dit troch nei Hegebeintum en seinen: Hjir liket in hiel âlde beam omhoud te wurden, mar?. der bliuwt in stobbe oer en dêr kinne nije twigen op groeie. It Friesch Dagblad koppe de oare deis: "Plan Hegebeintum sil heve".
Op 22 april 1996 is der in ferfolch-gearkomste te Ferwert.
15 minsken ferklearren harren ree de skouders ûnder it nij op te rjochtsjen wurkferbân te setten. Dy jûn waard besletten om te kommen ta it "Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum". It doel wie om mei yngong fan 1997, ynearsten ienkear yn 'e moanne, yn de tsjerke fan Hegebeintum in Fryske oekumenyske earetsjinst te hâlden, op de earste snein fan 'e moanne, moarns om 9.30 oere en op âldjiersjûn om 19.00 oere. De funksjes fan foarsitter, skriuwer, ponghâlder, preekfoarsjenner en kosters waarden ferdield. Fierder soe de tsjerkerie fan Hegebeintum frege wurde om by de oerdracht oan de Herfoarme gemeente fan Ferwert te betingjen, dat lêstneamde in âlderling oanwiisde/befêstige dy't as bysûndere opdracht krige kontakt mei en tasicht op it F.O.W. Hegebeintum te hâlden. De sittende âlderling S.H. Skukking woe dat op him nimme. Dit wie ek nei it foarbyld fan Hjerbeam en op oantrún fan Tim Kansil, de skriuwer fan de Fryske Provinsjale Tsjerkegearkomste fan de Herfoarme Tsjerke te Ljouwert.
De Herfoarme Gemeente fan Ferwert wegere en doe waard de Herfoarme Gemeente Blije frege, dy't der wol mei ynstimme koe. In gearkomste letter wurdt foaral oer "de statuten" praat. Hjelbeam hie oant dan neat op papier en dat woenen se dêr eins ek net: net tefolle regelje! Allinne, dat de foargongers yn de eigen tsjerke it foech om te preekjen en ta de betsjinning fan de sakraminten hawwe moasten, dus se moasten dûmny of pastoar wêze. Yn Hegebeintum woenen wy mear regelje, benammen ek de foarm; moast it in feriening wurde of in stifting? Der is dúdlik keazen fan de stiftingsfoarm, want dy jout mear frijheid en elk dy't lid is fan in beskate tsjerkemienskip, moat dat ek bliuwe kinne. In Wurkferbân is perfoarst gjin nije tsjerkemienskip! It is in gearwurking fan minsken, dy't Jezus as Hear belide mei it doel op in beskaat plak oekumenyske earetsjinsten yn de Fryske taal te hâlden. Sa binne wy kommen ta in konsept reglemint Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum.
  1. Doel
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum is in gearwurking fan minsken dy't Jezus as de Hear belide (Romeinen 10:9a). It doel fan it wurkferbân is it geregeld hâlden fan earetsjinsten yn de Fryske taal yn de tsjerke fan Hegebeintum.
  1. Bestjoer
  1. It wurkferbân bestiet út in deistich bestjoer mei in foarsitter, skriuwer, ponghâlder en oare leden. Ien fan de leden is (sa mooglik) amtlik ferbûn oan in tsjerklike gemeente. Yn it wurkferbân sit (sa mooglik) in dûmny en/of pastoar as teologysk adviseur.
  2. De leden fan it deistich bestjoer geane nei 4 jier ôf, mei de mooglikheid fan ien termyn ferlinging. Yn gefal fan tuskentiids ôfgean of ferstjerren, wurdt sa gau mooglik yn de fakatuere foarsjoen. Dy persoan begjint in nije termyn.
   3.  Tsjinsten
  1. Elk dy't yn syn/har tsjerklike gemeente c.q. parochy it foech hat om te preekjen, kin frege wurde om yn Hegebeintum foar te gean.
    As regel binne de tsjinsten yn it Frysk, mar as it wier net oars kin, mei de foargonger ek in oare taal brûke;
    yn sa'n gefal sil(le) de skriftlêzing(en) troch in lid fan it wurkferbân yn it Frysk dien wurde en sjongt de gemeente ek yn it Frysk.
    As preek- en reiskostefergoeding wurde de rjochtlinen fan de Herfoarme Tsjerke of har opfolgers hantearre.
    Op syn minst ienris yn it jier wurdt it Hillich Nachtmiel fierd. Elk dy't him/har mei Kristus ferbûn fielt, wurdt dêrta útnûge.
   4.  Finânsjes
  1. De jildmiddels wurde krigen troch kollekten yn de earetsjinsten, jeften, legaten en rinten.
  2. De ponghâlder hâldt in oersichtlike administraasje by.
  3. De ponghâlder is altiten ferplichte it Wurkferbân de folsleine administraasje ynsjen te litten.
  4. Nei ôfrin fan it kalinderjier wurde de boeken troch twa leden fan it Wurkferbân (gjin leden fan it deistich bestjoer) neisjoen en dêroer ferslach útbrocht.
   5.  Besluten
  1. Besluten wurde nommen by mearderheid fan stimmen. By staking fan stimmen is it útstel fersmiten.
  2. Foar alle gefallen dêr’t dit reglemint net yn foarsjocht, beslút de gearkomste fan it Wurkferbân.

                                         Hegebeintum, 1 jannewaris 1997
Letter is it konsept-reglemint troch notaris Richtsje L. Miedema, te Mitselwier omfoarme ta de statuten fan de stifting.

De earste tsjinst fan it Wurkferbân wie op 5 jannewaris 1997, de deis nei de Alvestêdetocht, dêr’t de foarsitter sein hie: "it sil heve!"

Alle earste sneinen fan de moanne is der sa goed as in folle tsjerke, likegoed as op âldjiersjûn. Op Wite Tongersdei wurdt it Nachtmiel fierd. Yn 2003 wie der foar it earst in Krystnachttsjinst.
Ynformaasje oer it Wurkferbân wurdt nei bûten brocht troch de "Beintumer Bân", dy't twaris yn it jier ferskynt.
Fierder is yn april de jiergearkomste mei yn it twadde part in sprekker mei in nijsgjirrich ferhaal.
Bysûnder is, dat mei oantrún en gearwurking fan it Wurkferbân, it oargel restaurearre en yn novimber 2003 wer yn gebrûk nommen is. De jildmiddels dêrfoar binne byinoar brocht troch jeften, kollekten, ferkeap fan handoeken mei de Beintumer tsjerke derop, cd's mei muzyk en sjongen fan koaren út 'e omkriten, pinnen en wyn. Boppedat is der in feiling hâlden fan keunstwurken en fansels wienen der bydragen fan ferskillende ynstânsjes en bedriuwen.
De auteur Klaas Visbeek, 1952, is in regelmjittige foargonger yn de tsjinsten fan de Fryske Oekumenyske Wurkferbannen. Hy hat belutsen west by de oprjochting fan de Wurkferbannen te Hegebeintum, Hantumhuzen en Earnewâld.
Likernôch 20 jier hat er dosint godstsjinst en Frysk west te Dokkum en Ljouwert oan benammen it HAVO en VWO. Dêrnjonken hat er 11 jier Minniste dûmny west te Surhústerfean.
Sûnt 1998 eksploitearret er as rekreaasje-ûndernimmer in boarterspark en in amusemintspark en preket likegoed sneins yn in ferskaat oan tsjerken.
It boek "De Fiif Fryske Oekumenyske Wurkferbannen Yn Fryslân" is te krijen by boekhannel Wever van Wijnen te Frentsjer.














De Leeuwarder Courant skriuwt it folgjende oer it ferskynen fan it boek fan Ds. Klaas Visbeek.

Succes Wurkferbân door 'Hear, lear en sfear'
De oudste in Herbayum is dertig jaar, de jongste in Itens twee dagen. Wurkferbannen met oecumenische en Friestalige diensten doen het goed en redden kerkgebouwen voor de eredienst. Klaas Visbeek deed er onderzoek naar.
Door Wiebe van der Hout
Hoewel het Fries voor 87 procent van de bezoekers belangrijk tot zeer belangrijk is, scoort de oecumenische opzet nog enkele procenten hoger bij de keuze diensten van de vijf (sinds zondag zes) Fryske Oekumenyske Wurkferbannen te bezoeken. Volgens onderzoeker Klaas Visbeek uit Zwaagwesteinde, recreatieondernemer en doopsgezind emerituspredikant, zorgt de combinatie 'Hear, lear en sfear' voor het succes van de diensten in Hjelbeam, Hegebeintum, Hantumhuzen, Sleat, Earnewâld en Itens.
In samenwerking met de Fryske Akademy enquêteerde Visbeek Wurkferbân-kerkgangers. Hun leeftijd ligt met gemiddeld 62,5 jaar behoorlijk hoog. Geen wonder want 72 procent van hen gaat geregeld ter kerke in de gemeente waar zij officieel lid van zijn. En geregelde kerkgangers vergrijzen.
Slechts 21 procent van de bezoekers komt alleen in de oecumenische Friestalige diensten. Opmerkelijk is dat 4 procent helemaal geen kerklid is en nog eens 4 procent aangeeft zelfs niet-gelovig te zijn. Bijna de helft van de geënquêteerden komt bij elke Wurkferbân-viering, meestal één keer in de maand, in Herbayum - de oudste - twee keer per maand.
Bij de open vraag over de drijfveer om naar een Wurkferbân te gaan, komt slechts 9 procent met louter de Friese taal. Het hoogst scoort de combinatie van Frysk met oecumene (23 procent), onmiddellijk gevolgd door de gemeenschapssfeer (21 procent) en de veelvormigheid van geloven (20 procent). "It iene elemint jaget it oare", concludeert Visbeek dan ook. "De Fryske taal is gjin doel, mar inkeld in middel."
De werkverbanden zijn stichtingen zonder leden. Klaas Visbeek noemt dat een zegen. "It set gjin skeel by de âlde tsjerken dat se leden kwyt reitsje; krektoarsom fersterket it it tsjerkegean earder." In alle gevallen is bovendien één van de ledenambtelijk verbonden met een kerkgemeenschap: meest met de Protestantse Kerk, in één geval met de Doopsgezinde Broederschap.
Met het Wurkferbân-model is de kerkgang nieuw leven ingeblazen in plaatsen waar die danig ingezakt was. Daarom zet Visbeek zijn oecumenisch-Friese variant in zijn studie ook naast kerkvernieuwingmodellen van Jan Hendriks (de kerk als herberg) en het rondetafelmodel van de Groninger hoogleraar Gijs Dingemans.
De drie modellen voor kerk-zijn in de 21ste eeuw overlappen elkaar deels, constateert Visbeek. "Alle trije wurkje út de basis wei, steane iepen foar ferskaat en sykje nei in relaasje fan gemeente-wêzen mei de hjoeddeiske maatskippij." Dingemans en Hendriks gooien volgens de onderzoeker uit Zwaagwesteinde echter waardevolle elementen uit de traditionele kerk overboord.
De oecumenische Friese verbanden zijn volslagen autonoom, maar hebben één keer per jaar overleg met elkaar. Zo zijn er plannen om gezamenlijk een internetsite te beginnen. Voordeel is ook dat een werkverband een goedkope kerkgemeenschap vormt. Het gebouw, meestal van de Alde Fryske Tsjerken, wordt alleen gehuurd als het nodig is. Voorgangers en organisten worden per keer vastgelegd.
In enkele gevallen - Earnewâld, Itens - wordt het houden van Friese diensten gecombineerd met studiebijeenkomsten en leerhuizen. Itens, de nieuwste loot aan de Friese oecumene, wil voorts doen aan liturgievernieuwing. "Al mei al binne de Fryske Oekumenyske Wurkferbannen in legitime foarm fan gemeente fan Kristus-wêzen", stelt Visbeek, die geregeld voorgaat in de oecumenische diensten.

De âlde Harsta State foar de ferbouwing fan 1843 (tekening fan Jacobus Stellingwerff út 1722, kolleksje Frysk Museum)

 

De Harsta State is mei syn oprydleane, beammesingels, greft, eardere pachtpleats, paden, sleatten, hôf en lânskiplike tún in kultuerlânskip fan ieuwen âld. De skiednis fan de lytse, yn it grien ferskûle, state is nau ferbûn mei it doarp Hegebeintum en de tsjerke. Begjin 2019 is it hûs, mei de tún dêromhinne en it âlde stek op 'e brêge, eigendom wurden fan de Vereniging Hendrick de Keyser. Dizze ferieniging dy't gjin doel hat winst te meitsjen, oprjochte yn 1918, set har yn foar it behâld fan histoaryske huzen en ynterieurs en makket no, op basis fan histoarysk ûndersyk, plannen foar it leechsteande hûs en de bysûndere stinzenflora.

Ferieniging Hendrick de Keyser stiet no foar de opjefte it hûs en de tún wer in goede takomst te jaan. De state hat te lijen ûnder efterstallich ûnderhâld, lekaasje, breklik pleisterwurk en houtrot, ek foarsjenningen as elektra en ferwaarming binne ferâldere.

Restauraasjeplannen binne yn 'e maak en wurde útwurke yn gearwurking mei architekt Meine Gerbenzon dy't ek belutsen wie by de restauraasje fan it Huis Van Eysinga te Ljouwert. Yn de fyzje fan opdrachtjouwer Hendrick de Keyser sil de perioade om 1860 hinne, doe't de state syn hjoeddeiske foarm krige, as foarbyld tsjinje moatte. De restauraasje sil ôfhâldich, konservearjend en kostenbewust útfierd wurde, mei behâld fan in oantal tafoegingen fan letter tiid. It hûs wurdt geskikt makke foar in wen-en ûntfangstfunksje, dêrby wol de ferieniging it pân en de tún faker, mar op weromhâldende wize, iepenstelle foar it publyk. Men tinkt hjirby oan in museaal en represintatyf gebrûk fan de histoaryske rûmten en in wenning yn de moderne oanbou en op de ferdjipping. De monumintenfergunning foar de restauraasje en it renovaasjewurk is wylst ferliend, subsydzjeoanfragen en it winnen fan fûnsen sil yn 'e hjerst en winter plakfine.

Nei it hooplik mei súkses winnen fan fûnsen sil it wurk yn 'e maitiid fan 2020 oanbestege wurde. Nei alle gedachten kin de útfiering yn de twadde helte fan 2020 úteinsette.

Dêrneist wurde ek plannen makke foar de stinzenflora tún. Dizze is kwetsber en sawol bouwurksumheden as ferkeard ûnderhâld kinne skea oanbringe. Om dizze reden wurdt de kommende tiid ôfhâldend oan behear dien, it histoarysk ûndersyk nei de tún fierder útwurke en in tún ynoarderbringen-en behearplan opsteld.

Niek Smit, architektuerhistoarikus Vereniging Hendrick de Keyser/ Fryske oersetting Rommert Tjeerdsma


Harsta State, maitiid 2019 ( foto Arjan Bronkhorst)

Ferslach fan Anny Postma, dat makke is foar ús 10-jierrich jubileum jannewaris 2007
Ferslach fan Anny Postma, dat makke is foar ús 10-jierrich jubileum
 
De measten fan jim sitte nei de tsjerketsjinst meskien net te wachtsjen op noch in preek fan my, mar it bestjoer fûn dat de foarsitter dochs eefkes in wurdsje sizze moast. En dat eefkes fyn ik net maklik. Want lêzend yn jierferslaggen en Beintumer Bannen kaam ik in protte foarby dat it neamen wurdich is.
Yn fûgelflecht gean ik oer en troch de ôfrûne 10 jier. Hjir en der stryk ik eefkes del en pik der wat wei, sa ‘t fûgels dogge.
Yn ‘t earste plak binne wy as bestjoer bliid en tankber dat it goed giet yn it tsjerkje op ‘e terp, wy fiele ús by inoar thús.
Ds. Klaas Visbeek skreau yn maaie 2004 oer it wunder fan Hegebeintum. De Herfoarme gemeente hjir hie noch 14 leden en in hantsje fol tsjerkegongers oer. En no is somtiden it tsjerkegebou te lyts. Hy hâld in enkête oer it geheim fan it wûnder en al foar de útslag neamde hy in trije-ienheid dy ‘t der de kaai foar is: “De Hear, de lear en de sfeer” mei ien fûnement: Jezus is Hear.
 
Oan de berte fan FOW Hegebeintum op 5 janewaris 1997, wie sa ‘n 9 moanne fan ferwachting en tarieding foarôf gien. Jacobus Knol skreau yn maaie 1997:
 
Doe ‘t it yn ‘t begjin fan 1996 dúdlik waard, dat de Herf. Gem. fan Hegebeintum syn selsstannichheid opjaan moast, stieken in tal minsken de koppen by inoar om har te berieden op de nije situaasje. It moast dochs net kinne dat der nei ieuwen in ein kaam oan de Evangeeljeferkundiging op de heechste terp fan Fryslân.
 
Under lieding fan ds. Visbeek kamen op 11 april 1996 in tal minsken by inoar yn de tsjerke fan Hegebeintum, dêr ‘t dhr. W. van der Schaaf fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjelbeam fertelde oer hoe ‘t it al jierrenlang by harren gie. Ien en oar late der ta op dy jûn in tariedingsgroep ûntstie fan sa ‘n 16 minsken út Hegebeintum en omkriten, dy ‘t de mooglikheden ta it kommen fan in Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum ûndersykje soenen. Oardel wike letter sette de groep út ein. Der waard in bestjoer keazen en in tal útgongspunten op papier set.
 
De grûnslach fan it wurkferbân is in gearwurking fan minsken dy ‘t Jezus as de Hear belide. De praktyk is dat leden fan ûnderskate tsjerken lid binne fan it wurkferbân: Herfoarmen, Grifformearden, Baptisten, Menisten, Roomsken ensfh., elkenien is wolkom. Elk bliuwt lid fan syn/har eigen pleatslike gemeente, mar wurket tagelyk mei om it doel fan it Wurkferbân foarm en stâl te jaan. Dat doel is: geregeld earetsjinsten yn de Fryske taal te hâlden yn de tsjerke fan Hegebeintum.
 
De earste tsjinst ha wy hâlden op 4 janewaris fan dit jier en dêrnei op elke earste snein fan de moanne. Wy binne as bern sa bliid, dat ús opset oant no ta sa tige slagge is. Alle kearen wer sit de tsjerke hast, of sels mear as fol. En dat jout ús moed om fleurig fieder te gean.
 
It Frysk yn kombinaasje mei de Oekumene blykt foar de safolste kear in net te ûnderskatten faktor te wezen om de lju de stjerke yn te krijen. Sels minsken dy ‘t oars amper, of sels hielendal net mear yn tsjerke kamen, kinne it paad nei Hegebeintum fine en dêr binne wy tige tankber foar.
 
 
 
Oan ‘t safier in stikje út it skriuwen fan Jacobus, krap in heal jier nei de earste tsjerketsjinst. Hy wie ús skriuwer fanôf it begjin. Wy troffen it o sa mei him. It geve frysk, koart en krêftich, de mooie gedichten yn ‘e Beintumer Bân en as sprekker oer Elie Wiesel op in jiergearkomste.
 
Schelte van der Mey waard foarsitter, ek hy wie knipt foar syn taak. Koe goed lieding jaan, skreau treflike stikjes of haadartikels. Somtiden frjemd ûntstien, bygelyks hûsfervjend op in ljedder. Faakfilosofysk, in oare kear koartswilich oer de hieltyd werkommende spinreagen yn stjerke (by it tsjerkehimmeljen waard in opmerking makke dat it skjinmeitsjen fan in Kristlike tsjerke, in heidensk kerwei is). Schelte en Jacobus spilen ek in wichtige rol by de oargel restauraasje.
 
Lieuwe Vroom waard en is noch hieltyd ponghâlder en we hawwe in bêsten oan him. Oer ‘t algehiel buorkje wy goed, tinkt my, mar Lieuwe is hoeden en dat is mar goed ek. Yn syn finansjeel ferslach fan 1998 stiet:
It besikerstal is nei it earste jier frij fêst, de kollekten binne goed betocht, mar it tal jeften naam mei 37,5% of. It aldernijste is der of soene je sizze kinne.
Yn it lêste ferslach stiet:
Krekt droeg oer de sleat. Thema- of oare bysûndere tsjinsten kostje mear jild, de opbringsten yn sa ‘n tsjinst binne net tarikkend.
 
Germ koldyk en ik waarden sa ‘t dat hiet gewoan bestjoerslid. Germ hie ferskate petten op. Hy wie en is meiwurker yn it besikersintrum en sadwaande in wichtige skakel. Ek wie hy sa no en dan ús foargonger fanút de Menistengemeenten en boppedat soarge hy dat ljocht en lûd yn oarder kamen mei help van Willem van der Berg. Fan 2001 oan ‘t ferline jier wie hy ús foarsitter. In tûzenpoat, in belutsen bestjoerder.
 
Ik soarge foar de omballingen dy ‘t ek barre moatte en frege elts jier foargongers om hjir te “preekjen”, sa ‘t wy dat sizze. De measten wolle graach komme. Sunt ferline jier haw ik it stokje fan Germ oernaam.
 
Gryt Sterk woe wol kosterje, mei help fan Dick Visser út Hegebeintum. Al gau kaam it allinnich op har del en Dries Postma sprong geregeld by. Sûnt in skoftsje is hy offisjeel helpkoster. Ek de lytse kosters Sjouke en Froukje Vroom helpe nei de tsjinst mei om lieteboeken by inoar te sammeljen en kearsen út te blazen. Wy binne bliid dat Gryt al sa lang as koster wurket, as gastfrou, der is faak folle mear te dwaan dan dat wy sjogge.
 
Dan Auke Wiersma ús oargelist. Wat moasten wy sûnder him. De earste jierren wie it wrakseljen mei de toetsen, mar sûnt de restauraasje is it foar him gâns nofliker wurden. Hy soarget foar musikanten mei kryst en regelt dat Rigt Wiersma komt as hy perfoarst net kin. En Rigt hat by myn witten altyd spile as dat nedich wie.
 
Nei ‘t earst in pear bestjoersleden kloklet ha, kaam ridlik gau Cees Praamstra om it oer te nimmen. Je matte der slach fan ha en dat hie Cees. Foar alle tsjinsten is Cees present en liet de klok.
 
Yn 1996, nei in protte gearkomsten en tûkelteamen oer wol of net amtlik ferbûn wurde oan ‘e tsjerke fan Ferwert of Blije, waard it lang om let Blije en Syb Schukking, al jierrenlang âlderling, joech oan dat hy noch wol twa jier by ús bliuwe woe. Dat waard hiel wat langer. Pas yn 2005 naam hy ôfskie troch syn ôfnimmende sûnens en dy fan syn frou, dy ‘t ferline jier spitich genôch ferstoan is. Wy binne tankber dat hy him salang ynset hat. Tetsje Vellema hat syn taak oernaam, ek sy is âld-Beintumer. De tsjerke is foar har in fertrouwd plak.
 
It entûsjasme fan it begjin is der noch altyd. Ik waard wer fleurich fan alle goeds dat ik lies, ek wat mismoedich, want der wie fierstentefolle wat ik graach oanhelje woe.
Ik wol jim oanriede om nochris yn’e Beintumer Bannen te lezen, bygelyks de saneamde haadartikels mei opskriften as: “De herberch fan Hegebeintum”, “In nij begjin”,  “De tsjerke in teken fan libben” en “De Beinumer Bân bynt”. En net te ferjitten de prachtige gedichten fan Jelly Keekstra en Jacobus Knol. We soene se no sa wer yn ‘e Beintumer Bân sette kinne.
 
Wisten jim dat wy de name “Beintumer Bân” te tankjen ha oan Bertus Postma, dy ‘t him yn it begjin ek tige ynsette en ús stipe hat?
 
En ha jim ek yn ‘e Ljouter krante sjoen dat wy de lêste moannen: Frysk Oekumenysk Wurferbân op ‘e Terp hjitte?
 
De earste namme, “Oekumenysk Wurkferbân foar fuortsetting fan tsjinsten yn ‘e tsjerke fan Hegebeintum”, wie ryklik lang. En lykas dat faak mei lange nammen giet, waard it in gâns koartere ropnamme: FOW Hegebeintum.
 
Yn advint- en 40 dagentiid, op Heechtiidsdagen lykas kryst, peaske, pinkster, as dy op’e earste snein fan ‘e moanne falle, ferrykje Leny en Douwe van der Velde ús tsjinsten mei in liturgyske skikking. Dat wurdt tige op priis stelt, ik soe wol sizze, troch elkenien.
 
Sûnt 1999 hâlde wy mei ds. Visbeek as foargonger, it nachtmiel op wite tongersdei, in weardich hichtepunt yn it jier. En sûnt 4 jier fiere wy de berte fan Kristus op de jûn foar Kryst, ds. Bilker joech der de oanset ta. Foar de lêstlyne krystnachttsjinst skreau ds. Tjallingii in liet dat wy songen ha.
 
Noch inkelde bûtengewoane tsjinsten wol ik neame: de iepenlofttsjinst, twa dooptsjinsten, in troutsjinst en de thematsjinst “Minsken fan ‘e dei”. Bysûndere tsjinsten, stik foar stik.
 
Fan 1999 ôf, hawwe wy ienris yn ‘t jier in gearkomste, dy ‘t foar elts iepenstiet, mei in sprekker. Op 19 april o.s. sil dat âld Ferwerter Johannes van Dijk wêze.
 
En dan de aksje foar restauraasje fan it oargel. Yn 1996 waard sein:
“It oargel wurdt ien kear yn ‘e trije jier neisjoen. In folsleine restauraasje is te djoer “.
Mar sjoch:. troch de ynset fan hiel folle belutsen minsken út Beintum, âld Beintumers, út it brede wurkferbân, it besikerssintrum, âlde fryske tsjerken ensfh., dy’t alderhanne aksjes op tou setten, koe Schelte yn novimber 2003 skriuwe:
“It nije oargel spilet, it spilet geweldich, it spilet prachtig en bylket as nij”.
 
As ik goed telt ha, hawwe wy hjoed de 144e tsjinst hawn en stiene der 56 ferskillende foargongers út 5 tsjerkerjochtings op ‘e preekstoel. Ds. Beintema wie hjir ek al yn it earste jier, op 2 novimber. Ek doe hiene wy kofjedrinken nei.
Spitich genôch binne ds. Ype Schaaf en ds. Marten de Boer ferstoan, sy kamen hjir al foardat it wurkferbân begoun. En ds. Brandsma, ús ienige Baptiste foargonger moast troch ôfnimmende sûnens ophâlde. Hy kaam hjir fan it begjin ôf graach en wy misse him.
 
De opkomst, yn ‘t begjin leau ik 48. mar al hiel gau oprinnend is tige goed, ek yn fergelyk mei de 5 oare wurkferbannen der ‘t wy ienris yn ‘t jier in gearkomste mei ha, om ien en oar út te wikseljen.
 
Oan é ein fan dit dochs wat te lange ferhaal wol ik noch wat nammen neame. Nammen neame is altyd noedlik om’t je somtiden dochs noch minsken ferjitte. Nim dan fan my oan dat dit net mei opsetsin bart is.
 
Durk Visser, de famyljes van der Weg en Schukking. Aktive minsken al fan foar de berte fan it wurkferbân. Ysbrand van Sloten en oare helpen fan it besikerssintrum, der is al faak in berop dien op harren ynset, ek no wer.
Ik beneam ek de stipe fan minsken út it brede wurkferbân en oare helten fan de bestjoersleden, dy ‘t faak harren bydrage leverje, bygelyks de oargelaksje. En alle trouwe kommers, wy kinne net sunder inoar.
 
Syt en Theo dy ‘t al wer sûnt 2003 meidraaie en hoe! Yn Syt ha wy in treflik skriuwster foun. Foaral run it ferkinen fan ‘e Beintumer Bân hat sy in protte te dwaan. Wy dogge dan ek meastentiids noch in berop op Jacobus, jo witte wol, dy fan it geve frysk, foar de superfyzje. Theo hat yn 2005 in side op ynternet iepene. Dy sjocht der tige fersoarge út, in oanrieder om dy ris op te sykjen
 
Rommert Tjeerdsma is yn 2006 yn it bestjoer kommen. Hy is hjir mei Jelly as earste trout, binnen it wurkferbân. Sa wie dochter Mare fan Theo en Marjolein de earste dopeling. Rommert sil foar takommend jier de preekbeurten regelje. Meiinoar dogge wy ús best. Wy misse somtiden de âlde begjinners mei harren ynbring en wysheid. Mar lokkich binne hja net út sicht. We moetsje inoar like goed wol, boppe op ‘e terp, yn it smûke tsjerkje as bern fan ien himelske Heit/Mem. Wy hoopje en fertrouwe op noch folle mear goede, goedbesochte tsjinsten.
 
Mei ds. Visbeek siz ik: “As de grutte Baas it wol, giet it wol troch”
 
Anny Postma, foarsitter


 

Wolle jo in Fryske tsjerketsjinst bywenje?

Besjoch de fryske tsjinsten hjir.