jierboekje Hantumhuzen

Frysk Oekumenysk Wurkferbân
Dongeradiel

2026
eltse tredde snein fan’e moanne
(útsein july en augustus)
om 9.30 oere

 
Fan it FOWD 

As ik ein novimber, dit stikje foar it krantsje skriuw is it in prachtige sinnige dei.
Ofrûne snein hie Dhr Feddema in preek oer de opstanning. Ek nei de preek noch dreech  te befetsjen. We moasten ús net foarstelle dat we yn in nije wrâld allegear mei âlde ideeën op in wolk boppe de ierde sweve.
Wat ik der fan begrepen ha sille wy yn it Goddelike trochlibje yn de takomstige generaasjes.
Hawar ik ha gjin teologyske ûndergrûn en sil der op betroue moatte dat it allegear goed komme sil. De Freedomsjongers út Ingwierrum hiene de muzikale begelieding.

“Ÿou’ll never walk alone” oan it ein wie dan ek tige sprekkend.

Dat bringt my by ús besikersoantallen. Dit kear in sa goed as folle tsjerke. Der wiene mear as 75 minsken want ús kofjebekers wiene net tarikkend.
En dat nei de Koroana, we tochten yn dy tiid, hoe lang kin we dit noch folhâlde. Betiiden 6-10 besikers wie wol wat sunich, dat hâlde jo net fol en finansjeel ek net.
Mar elke maand bin der  wol wer nije gesichten en dy geane faak bliid wer út ús Annatsjerke nei hûs ta. Dat is dochs ek wol moai foar ús as bestjoer. Sûnder de tsjerklike doktrines fan âlds wei mar mei in lûd fan Hope . Elke kear wer op in eigen wize.

Mei respekt foar inoar en sûnder oardiel.
Dat makket ús wol wat unike yn’e regio en tegearre mei Hantum gean we wer foar in nij jier
Pas op inoar en sykje  inoar op ek oft it net “nedich” is, wês in bytsje Gods hân. 
In bjusterbaarlik ljocht 2026 tawinske.


Ut namme fan it bestjoer,
Fedde Breeuwsma foarsitter                                                 2.                                                                                                        TA YNSPIRAASJE

Reinbôge yn psalm

Troch de hiele Bibel hinne steane lytse diamantsjes. It binne wurden, sinnen, teksten dy’t jo drekst reitsje by it lêzen. Dy’t maklik te ûnthâlden binne. Meastentiids is útliz net iens nedich. Hast as fansels sprekke se jo oan. It is better om se nea wer te ferjitten.

Yn Psalm 108 trof my dit: “Want heech as de himel is jo geunst, oan ‘e wolken ta jo trou.”(108:5). Kin der better wêze as heech opjaan fan God yn de himel, dy’t yn de minskewrâld syn thús hat? Hy is noait fier fuort. Hy lit fan him hearre.
Tichteby, yn ús minskewrâld, yn ús eigen libben. Dat is treast foar minsken. It is bemoediging. It fiifte fers fan de psalm seit net allinne wat oer de Heare God, mar ek oer ús. God syn leafde en trou binne der foaral foar ús. Dêrom sprekt sa’n wurd ek oan. It rekket ús. It taast ús yn it moed, om it ris literair te sizzen. Lit sa’n wurd mei ús mei reizgje. It helpt om moed te hâlden. God yn de himel giet mei ús op de ierde mei.

De hiele psalm hat in pear ûnderdielen. It begjint mei in belidenis. It twadde diel liket yn de timpel te spyljen. It tredde part liket oer fertrouwen yn de striid te gean. Gelokkich hat it allegear gjin ynfloed op de lytse diamant yn fers 5. Dat hâldt syn eigen wearde.

It is goed om by ús psalmfers te tinken oan de reinbôge. It stiet yn it âlde ferhaal fan Genesis 6-9. Der wie in grutte oerstreaming. Der is mar ien famylje dy’t it oprêdt mei alle bisten yn in ark. As it wetter sakket leit de ierde der wer as ny by. “It rekket Noach onverwacht: dêr stiet de reinbôge yn syn pracht, in teken yn ‘e
wolken: God seinget alle folken”. (Liet 163:4). Dy iene famylje
3.
kriget de taak om noed te stean foar de wrâld. Elke kear as de bôge oan de himel stiet is dat in boadskip: tink der om, de ierde sil der net wer ûnderstrûpe, noait wer. Elk kin der wis fan wêze dat God syn soarch útgiet nei de minsken. Nei ús dus. Elk kin it leare om te sizzen: heech as de himel jo geunst, jo trou oant yn ‘e wolken.


Dichters helpe ús oan  goede wurden. De psalmdichter, der begûn it fansels mei. Mar ek de dichters fan it Lieteboek. Sa bygelyks yn de beriming fan Psalm 108: “Jo goedens, Heare, en jo trou binn’ heger as it himelblau”. En ek yn it Hollânsk: “Ja, hoger dan het hemels blauw, is, Heer, uw goedheid en uw trouw”. It wurdt ús maklik makke om de moaie wurden te ûnthâlden en der sa no en dan ris even by te mimerjen.

Troch de hiele Bibel hinne stean sokke moaie wurden. Men rint der meastal ûngemurken tsjin oan. En nimt se mei. Foardat wy it yn de gaten hawwe kinne wy se tsjin ús sels sizze. Se sprekke moed yn. Yn de lijn van psalm 108 moatte wy fansels sizze: it is God yn de himel dy’t ús hjir op ierde moed jout.

Ds. Piet Beintema











                                                                                                     4.                    

Preekroaster Hantumhuzen 2026
 
   18 jannewaris 2026
 
Dû. P. Beintema út Dokkum (PTN)
Meiwurking fan de Sionsjongers fan Nijewier e.o. ûnder lieding fan Zwaanette Dijksta, sy spilet ek op’e piano
   15 febrewaris 2026 * Dhr. W. Feddema fan Damwâld (PTN)

Oargelist dhr. H. Hoogeveen
  15 maart 2026 Frou A.C. Plantinga PTN út Ie

Oargelist dhr. M. Holwerda
  19 april 2026 Dhr. Y. Zagema fan Damwâld, (PTN)
Meiwurking fan Saxgroep “Oranje” út Dokkum
 
  17 maaie 2026 Frou H. Mulder-Vogelzang fan Yndyk (RK)
Meiwurking fan it koar “Canzone” û.l.f. Jaep Meems
Oargelist dhr. E. Keegstra
 


5.
 
   21 juny 2026 Dû. A. Elverdink fan Súdhorn (PTN)
Oargelist; nnb
   20 septimber 2026 Frou A. de Groot fan Stiens (Mennist)
Meiwurking fan Blazers fan Lauwersfanfare út Ingwierrum/Ie eo
 
   18 oktober 2026 * Dû. U. Tjallingii fan Bitgummole, PTN, Iepen Hillich Nachtmiel
Oargelist dhr. H. Hoogeveen
   15 novimber 2026 Frou W. Marinus fan Rinsumageast (PTN)
Meiwurking fan Blokfluit Kwartet “Gaudete”
Oargelist dhr. M. Holwerda.
 
   20 desimber 2026 Frou Wesseling - Schilstra fan Gerkeskleaster (PTN) en Harkema (FEG)
Meiwurking fan it Ensemble fan Brassband Gloria Deï út Gerkeskleaster/Stroobos
*Tsjinst yn gearwurking mei de Prot.Gem. Hantum c.a.
Alle tsjinsten begjinne om 09.30 oere

Yn july en augustus is der yn Hantumhuzen gjin tsjinst fan it FOWD
Sjoch ek de hiemside fan it Oekumenysk Wurkferbân                
Dongeradiel en Hegebeintum: www.frysketsjinsten.nl          6.  
                                                                       
                                                
De tsjinsten wurde ôfsletten mei it sjongen fan Liet 416 út it Lieteboek:                  Hear, wês mei ús oant in oare kear

tekst:                            Jeremiah E. Rankin ‘God be with you till 
                                   we meet again’ by 1 Kor. 1 : 2
oersetting:                   Bearend Joukes Fridsma
meldij:                         Ralph Vaughan Williams ‘Randolph’

Grûnslach:
De grûnslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide (neffens Romeinen 10:9)

Doelstelling:
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel hat ta doel om regelmjittich earetsjinsten yn de Fryske taal yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen te hâlden

KRÚSPUNT
Sûnt juny 2009 moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t  mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om de tsjerke hinne.
KRÚSPUNT is, as fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip, it nije Frysk Oekumenysk Platfoarm. Organisaasjes dy’t har rjochtsje op it befoarderjen en brûken fan it Frysk yn en om tsjerke hinne kinne elkoar dêr fine en ynformaasje útwikselje.
KRÚSPUNT, oan ’e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelingen, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streektalen. Sjoch ris op www.kruspunt.nl


7.
PASTORAAT OFTEWOL OMTINKEN FOAR MEKOAR


It doel fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is om regelmjittich earetsjinsten te hâlden yn de Fryske taal yn de St. Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Wy binne ek hiel bliid om dat 10 kear yn ‘t  jier dwaan te kinnen. Fan dy 10 kear binne dit jier 2 tsjinsten yn gearwurking mei de Prot.Gem. Hantum. It iepen Hillich Nachtmiel yn it Frysk is altyd wer in moai barren.

Op de tredde snein fan de moanne komme der in protte minsken nei Hantumhuzen om de ienheid yn Kristus te fieren.
De besikers komme út in grút ferskaat oan wenplakken en út in ferskaat oan tsjerken. Mar net alle besikers hawwe (noch) in like sterke ferbining mei in tsjerklike gemeente of parochy.

De fraach kaam: wat kinne wy dwaan mei minsken, dy’t  gjin of net in soad tsjerklike bining hawwe? As der net direkt in dûmny, pastor of pastoar frege wurde kin, wêr moatte wy dan hinne foar it saneamde pastoraat, it omtinken foar elkoar?
It wurkferbân is yn dit opsjoch gjin tsjerklike gemeente.

Dochs wolle wy ek in iepen each en ear foar elkoar hawwe as dêr ferlet fan is!
dû P. Beintema is ús pastoraal adviseur. Hy wol ek de besikers fan it wurkferbân pastoraal ûndersteune as der ferlet fan is.

                                                                                                             



.               8.                                                                                        
PREEKROASTER 2026 HEGEBEINTUM
      
 
 
1 febrewaris  9.30 Dhr. P. Fortuin Deinum
1 maart  9.30 Frou H. Mulder-Vogelzang Yndyk
2 april 19.30 Dû. B.G. Keizer Eastrum
    Wite tongersdei  
    Hillich Nachmiel  
3 maaie  9.30 Dû. P. Beintema Dokkum
7 juny  9.30 Dû. U. Tjallingii Bitgummole
5 july  9.30 Dhr. P. Knijff Raard
2 augustus  9.30 frou A. de Groot Stiens
6 septimber  9.30 Frou drs. J. Kerkhof Hantumhuzen
4 oktober  9.30 Dhr. E. Goodijk Ternaard
1 novimber  9.30 Dû. B.G. Keizer Eastrum
    Kofjedrinken nei de tsjinst  
6 desimber  9.30 Frou K. Roosma Stiens
24 desimber 21.00 dû. P. Beintema Dokkum
    Krystnachtfiering  
31 desimber 19.00 Dhr. J. Appelhof Dokkum
     
     












9.

Finansjeel jierferslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel oer it jier 2024


 
ynkomsten   útjeften    
           
Saldo 1-1 2024 8828,80      
           
Jeften   1130,00      
Kollekten 1290,65      
Diel hiemsiede HB 177,87      
      Bankkosten 175,74
      Hiemsiede 335,74
      Muzyk   670,00
      Foargongers 280,00
      Sekr kosten/boekje 504,49
      Hier Tsjerke 490,00
      Ferrekening Hantum 206,17
      Nei Spar rekkening 6000,00
Sparrekkening 6000,00      
           
Totaal   8598,52     8662,14
           
Saldo 31-12 2024       8745,27
           
Rinnende rekening    2598,52                                             2682,14



10.

De jildmiddels fan it FOWD:

Dy besteane út de opbringsten fan kollekten yn de earetsjinsten en út jeften fan stipers.

Tige graach notearje wy jo ek as stiper fan it FOWD. Dêrmei meitsje jo it ús mooglik om ek yn de takomst Fryske oekumenyske tsjerketsjinsten hâlde te kinnen yn de prachtige St Annatsjerke fan Hantumhuzen.

Jo kinne dêrfoar gebrûk meitsje fan it stipersbledsje yn dit ynformaasjeboekje of nim efkes kontakt op mei ien fan de bestjoersleden.

Jeften foar 1 kear binne fansels ek fan herte wolkom op banknûmer NL91 RABO 0367210444

FOWD is in ANBI ynstelling ûnder nû. 815779021                                                                                                              




---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------


    hiemside fan it FOWD: www.frysketsjinsten.nl
Gearstalling  fan  it  bestjoer fan it
Frysk  Oekumenysk  Wurkferbân  Dongeradiel  1 jannewaris 2025

foarsitter         Fedde Breeuwsma                       0519-296132
hiemside PR   f.breeuwsma@knid.nl                 06-13168533

skriuwster        Tineke Toren                                06-15852102
                        torentineke@gmail.com

ponghâlder      Harke de Graaf                             06-13733191
                        harkedegraaf@gmail.com
preek- en         Andrea  Plantinga                       0519-518467
muzykfoar-     acplantinga@student.pthu.nl
sjenning          

fersoarging      Lizeke de Haan                            0511-227638
kofje/tee en     lizekedehaan@knid.nl
blommen                                                

kontakt-           Jelle Douwe Miedema                0519-572227
persoan            j.d.miedema@hetnet.nl               06-52380947                  
Prot. Gem.           
Hantum c.a.  

lid                    Jacob de Hoop                            06-10865624    

koster               Lizeke de Haan                           0511-227638            

Pastoraal adviseur Dû. P.Beintema

1.
Fan it FOWD 
As ik dit stikje skriuw, ein novimber, is it in tsjustere dei. Al betiid wurdt it tsjuster en it begjint ek noch te reinen. Net in dei om blier fan te wurden.
Hawar we sitte waarm by de kachel en ik sil straks mei in miel iten oan de gong.

Sa is it soms ek yn it libben. In tsjustere dei of in donker skoft yn je libben . Ferlies fan in partner of freon yn je libben. Dan ha je al gau it gefoel fan wêr doch ik it foar en wêr bin ik noch foar oan de gong.
Wêroan ha we dizze sombere tiden te tankjen, wêr is de God dy’t foar ús minken soarget. Soms fiel je net syn oanwêzichheid. Sjoch je allinnich kommer en kwel.

Sil him wol oan my lizze mar it werom fan wat hjir op ierde bard is betiden fier te sykjen.
Op it sjoernaal wurdt krekt wer in bombardemint op Gaza meld. Wer berntjes dea. Wêrom? Soe it de duvel yn de minsk wêze?

Dan giet de bel en komt der besite binnen. Hoe is't mei dy, tiid foar in bakje.  Al pratende begjin it wer wat ljochter te wurden, Gods hân, it soe kinne oft we it mar sjen wolle.

Pas op elkoar en sykje  elkoar op ek oft it net nedich is, wês in bytsje Gods hân.
In bjusterbaarlik ljocht 2025 tawinske.

Ut namme fan it bestjoer,
Fedde Breeuwsma foarsitter



                                                                                                      2.                 
TA YNSPIRAASJE
“Ik bin ommers by dy….”

Dizze wurden steane yn Genesis 28. De flechtling Jakob heart it yn in dream. It is God, dy’t him tasprekt.
Jakob is in flechtling sa’t der tsjinwurdich miljoenen flechtlingen binne. Se kinne better net bliuwe dêr’t se opgroeid binne. It is gefaarlik. Dêr is gjin takomst. De famylje seit: sykje dyn heil leaver earne oars. Gean bygelyks nei de famylje dy’t earne oars wennet.

Sa gie it ek by Jakob. Hy hie syn heit foar de gek hâlden. Hy die as wie er Ezau, de âldste. Mem holp him dêrby. En Izaäk joech Jakob de segen dy’t him net takaam. Duvelsk wie Ezau. As heit der net mear is, krij ik him wol, sei Ezau mear as ien kear. Mem Rebekka wie ferstannich foar har leave jonge: gean nei myn famylje en sykje dy dêr in frou en sykje dêr takomst.

Sa lei er hjir no yn it fjild, lykme allinne. Krekt sa as al dy flechtlingen fan tsjintwurdich ek altyd allinnich binne, yn’e bosk, op de wegen, yn boatsjes, yn it opheinsintrum. Doe dreamde Jakob. Hy hie kontakt mei de himel. Of better: der wie kontakt fan boppen mei him. De Hear fan Abraham en Izaäk liet fan Him hearre en joech him fertrouwen. “Jakob, jonge, sit der net oer yn, Ik tink ommers om dy. Ik reizgje mei dy mei. Ik sil der om tinke, datst hjir wer werom komst. Do bist wol op ‘e flecht, ûnderweis nei it famyljelân fan âlds, mar dyn takomst leit dochs hjir yn dizze kontreien. Hjir hat Abraham him nei wenjen set.” Mem Rebekka sei dus, dat it better wie om  fuort te gean, mar dat is mar tydlik. Wis, Ezau wachtet syn jongste broer op, mar dochs, harkje ris goed, de Hear seit: “Ik bin ommers by dy”.

3.

Dizze tasizzing fan boppen liket op Liet 247 yn it Lieteboek.

De dichter lit dêr sjonge: “Hear, o bliuw my nei”. Dy dichter is dûmny Henry Francis Lyte, in Skotsman dy’t gemeenten tsjinne yn it Ingelân fan de lette njoggentjinde ieu. Hy hie wat jild om hannen en koe dêrom reizgje. Hy wenne letter yn Switserlân. Dêr rûn er tbc op, wêr’t doe noch gjin medisyn foar wie. Hy seach syn dea ûnder eagen en liet yn liet 247 syn leauwe sprekke.

In minske siket hâldfêst. Dat wy siik wurde, dat kin elk oerkomme. Dat it libben in ein hat, sil elk ek in kear meimeitsje. Dat it minskelibben altyd kwetsber en brekber is jout oanlieding foar it gebed: “wês by my no’t de sinne ûndergiet, mar jo binne ivich hear, o bliuw my nei.”

It is krekt as by Jakob. En krekt sa ek by ús. Ek as wy fan it jier 2024 oergeane nei it jier fan 2025. En likegoed as wy soargen hawwe oer ús libben en oer ús wrald. Wat wurde wy holpen as de Hear mei ús meigiet.

Lit elk him dus tasprekke litte: “Ik bin ommers by dy.”


Dû. Piet Beintema









                                                                                                     4.                    

Preekroaster Hantumhuzen 2025
 
   19 jannewaris 2025
 
dhr. T. Simonides út Burdaard, PTN, m.m.f. dwersfluit-ensemble Flautas Unicas û.l.f. mefr. Jacqueline Brunt-Ebbers, en oargelist dhr. M. Holwerda
 
   16 febrewaris 2025 * dû. Ineke de Kok-Mellema
fan Kollumersweach, PTN
  16 maart 2025 dû. Lieuwkje Cnossen fan Aldwâld-Westergeast, PTN, m.m.f. dhr. Albert Eisinga, tenor en dhr. Jelle Dotinga,           
                                     piano
 
  20 april 2025  Peaske dhr. Yde Zagema út Damwâld, PTN, m.m.f. dhr. Peter Wissmann, trompet
Oargelist, Sjouke Kommerie
  18 maaie 2025 mefr. H. Mulder-Vogelzang út Yndyk, RK, m.m.f. Kr. mingd koar Juliana út Burdaard û.l.f. dhr. Joop de Jong
 


5.
   15 juny 2025 mefr. Ietsje Hinke de Boer út 
Surhústerfean, mennist, m.m.f. Saxgroep Oranje       
   21 septimber 2025 dû. Foekje Fleur Fink út Burgum, PTN, m.m.f. mefr. Janny Reitsma, sopraan en dhr. Jan Idsardi, oargel
 
   19 oktober 2025 * dû. Ulbe Tjallingii fan Bitgummole, PTN, Iepen Hillich Nachtmiel
   16 novimber 2025 * dhr. Wiebe Feddema fan Hantum c.a., PTN, m.m.f. gospelgroep The Freedom-singers út Ingwierrum e.o. û.l.f.
dhr. Ben Brunt
 
   21 desimber 2025 dhr. J. Helfferich út Aldebiltsyl, PTN, m.m.f. oargelist dhr. Pyt de Jong en in blokfluitensemble
*Tsjinst yn gearwurking mei de Prot.Gem. Hantum c.a.
Alle tsjinsten begjinne om 09.30 oere

Yn july en augustus is der yn Hantumhuzen gjin tsjinst fan it FOWD

Sjoch ek de hiemside fan it Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel en Hegebeintum: www.frysketsjinsten.nl        
                                                                                                   6.                                             
De tsjinsten wurde ôfsletten mei it sjongen fan Liet 416 út it nije Lieteboek:           Hear, wês mei ús oant in oare kear

tekst:                            Jeremiah E. Rankin ‘God be with you till 
                                   we meet again’ by 1 Kor. 1 : 2
oersetting:                   Bearend Joukes Fridsma
meldij:                         Ralph Vaughan Williams ‘Randolph’

Grûnslach:
 
De grûnslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide (neffens Romeinen 10:9)

Doelstelling:
 
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel hat ta doel om regelmjittich earetsjinsten yn de Fryske taal yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen te hâlden


KRÚSPUNT
Sûnt juny 2009 moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t  mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om de tsjerke hinne.
KRÚSPUNT is, as fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip, it nije Frysk Oekumenysk Platfoarm. Organisaasjes dy’t har rjochtsje op it befoarderjen en brûken fan it Frysk yn en om tsjerke hinne kinne elkoar dêr fine en ynformaasje útwikselje.
KRÚSPUNT, oan ’e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelingen, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streektalen. Sjoch ris op www.kruspunt.nl

7.

Finansjeel jierferslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel oer it jier 2023

Saldo   1-1-2023                                                                 7787.61
Jeften                                                 955.00
Kollekte                                           1202.70
Hiemside Hegebeintum                 177.87
FOW E                                              1000.00

Ynkomsten                                                                          3335.57



Utjeften 
Bankkosten                                      168.36
Hiemside                                          355.74
Muzyk                                                355.00
Foargongers                                      315.00
Sekr. kosten                                      169.46
Hier Tsjerke                                       490.00
 Ferrekkening Hantum  (22-23)      440.73 
Utjeften                                                                               2294.29

Saldo 31-12-2023                                                               8828.80

De jildmiddels fan it FOWD:
Dy besteane út de opbringsten fan kollekten yn de earetsjinsten en út jeften fan stipers.Tige graach notearje wy jo ek as stiper fan it FOWD. Dêrmei meitsje jo it ús mooglik om ek yn de takomst Fryske oekumenyske tsjerketsjinsten hâlde te kinnen yn de prachtige St Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Jo kinne dêrfoar gebrûk meitsje fan it stipersbledsje yn dit ynformaasjeboekje of nim efkes kontakt op mei ien fan de bestjoersleden.
Jeften foar 1 kear binne fansels ek fan herte wolkom op banknûmer NL91 RABO 0367210444
FOWD is in ANBI ynstelling ûnder nû. 815779021.               8.                                                                                         
  Preekroaster Hegebeintum 2025
       
2 febrewaris  9.30 Frou H. Mulder-Vogelzang Yndyk
2 maart  9.30 dhr. P. Knijf Raard
6 april  9.30 dû. P. Beintema Dokkum
17 april 19.30 Dû. E. Jongstra Snits
    Wite tongersdei  
    Hillich Nachmiel  
4 maaie  9.30 Dhr. E. Goodijk Ternaard
1 juny  9.30 dû. B.G. Keizer Eastrum
6 july  9.30 Dhr. P. Fortuin Deinum
3 augustus  9.30 frou A. de Groot Stiens
7 septimber  9.30 dû. J. Zeldenrust Mantgum
5 oktober  9.30 frou drs. J. Kerkhof Hantumhuzen
2 novimber  9.30 Dû. W. Veltman Reitsum
    Kofjedrinken nei de tsjinst  
7 desimber  9.30 Dû. U. Tjallingii Beetgumermole
24 desimber 21.00 dû. P. Beintema Dokkum
    Krystnachtfiering  
31 desimber 19.00 Dû. E. Postma Utert
         






9
PASTORAAT OFTEWOL OMTINKEN FOAR MEKOAR


It doel fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is om regelmjittich earetsjinsten te hâlden yn de Fryske taal yn de St. Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Wy binne ek hiel bliid om dat 10 kear yn ‘t  jier dwaan te kinnen. Fan dy 10 kear binne 3 tsjinsten yn gearwurking mei de Prot.Gem. Hantum. It iepen nachtmiel yn it Frysk is altyd wer in moai barren.

Op de tredde snein fan de moanne komme der in protte minsken nei Hantumhuzen om de ienheid yn Kristus te fieren.
De besikers komme út in grút ferskaat oan wenplakken en út in ferskaat oan tsjerken. Mar net alle besikers hawwe (noch) in like sterke ferbining mei in tsjerklike gemeente of parochy.

De fraach kaam: wat kinne wy dwaan mei minsken, dy’t  gjin of net in soad tsjerklike bining hawwe? As der net direkt in dûmny, pastor of pastoar frege wurde kin, wêr moatte wy dan hinne foar it saneamde pastoraat, it omtinken foar elkoar?
It wurkferbân is yn dit opsjoch gjin tsjerklike gemeente.

Dochs wolle wy ek in iepen each en ear foar elkoar hawwe as dêr ferlet fan is!
dû P.Beintema is ús pastoraal adviseur. Hy wol ek de besikers fan it wurkferbân pastoraal ûndersteune as der ferlet fan is.

                                                                                                             


                                                                                                               10.



Hantumhuzen moai lyts doarpke
yn ’t flakke Fryske lân
’t doarpke dêr’t ik berne waard
jout jin altyd noch in bân

dyn moaie âlde tsjerke
dy’t dêr iuwen stiet
dêr’t de minsken hinne gienen
mei har lok en har fertriet

de klokken fan ՚e âlde toer
klonken fier yn ’t rûn
se rôpen it wurkfolk jûns nei hûs
dêr’t elkenien de rêst wer fûn

o âlde tsjerke, âlde toer
hoe lang hast dêr al stien
geslachten seachst kommen en wer gean
yn dyn skaad binne hja ta rêste gien

Gedicht fan Wietske de Boer-Tilma

1920-2016





Frysk Oekumenysk Wurkferbân
Dongeradiel

2024

eltse tredde snein fan’e moanne
(útsein july en augustus)
om 9.30 oere


    hiemside fan it FOWD “www.frysketsjinsten.nl”
                                                                                              
 
Gearstalling  fan  it  bestjoer fan it
Frysk  Oekumenysk  Wurkferbân  Dongeradiel  1 jannewaris 2024

foarsitter         Fedde Breeuwsma                       0519-296132
hiemside PR   f.breeuwsma@knid.nl                 06-13168533

skriuwster:       Tineke Toren                                06-15852102
                        toren10@live.nl

ponghâlder:     Harke de Gaaaf                            06-13733191
                        harkedegraaf@gmail.com
preek- en         Andrea  Plantinga                       0519-518467
muzyk:            a.c.plantinga@pthu.nl

fersoarging      Lizeke de Haan                            0511-227638
kofje/tee en     lizekedehaan@knid.nl
blommen                                                

kontaktpersoan Jelle Miedema                           0519-572227                      
Prot. Gem        j.d.miedema@hetnet.nl              06-52380947
Hantum c.a.  

lid                    Jacob de Hoop                            06-10865624    

koster               Lizeke de Haan                           0511-227638            

Pastoraal adviseur Dû P.Beintema



1



Fan it FOWD 

Bêste minsken,

2023 rint al wer ta in ein. In jier nei Koroana wurdt alles wer wat gewoan.
Oan it begjin fan it jier wiene we noch wat skruten om by inoar te kommen mar no’t ik dit skriuw ein novimber sjogge we it besikerstal wer ta nimmen. Sa rûn de 30 besikers yn ús tsjinsten yn de St. Anna Tsjerke fan Hantumhuzen.
Tal trouwe besikers mar ek nije gesichten en der bin we bliid mei.
Frysktalige tsjinsten dy't faak wat tichteby komme om’t se yn ús memmetaal binne. Ek ferlieze we soms besikers, it libben hjir op ierde hat syn beheinings yn tiid. We tinke oan har en betrouwe op in nij libben by ús Heit.
Wy probearje by ús gearkomsten in muzikale bydrage te organisearjen en ha derby ek faak stipe fan muzisi út noardeast fryslân. Wat in ynset en kwaliteit sjogge we derby. It makket fan  de tsjinsten in gehiel.
Sa mar wer in jier om en wy ha nocht oan in nij jier.
Wy binne bliid dat it bestjoer wer fersterke is mei Jacob de Hoop fan’e Lytse Jouwer
Yn it oersjoch sjogge wy wer in tal moaie tsjinsten. Yn jannewaris wat bysûnders. Gjin preek mar in foarstelling fan Samoosara, Muzyk en ferhalen út’e Joadske tradysje.
Ik winskje jimme in noflik 2024 en foaral in protte sûnens ta yn it nije jier.

Ut namme fan it bestjoer,
Fedde Breeuwsma foarsitter

Omtinker: Sjoch efkes op ús hiemside oft de tsjinst troch giet.  
    
                                                                                       2   



TA YNSPIRAASJE

Net fanselssprekkend…                                           Andrea Plantinga  

In dûmny, dy’t ûndertusken trijefearnsjier yn de pleatslike tsjerkemienskip syn wurk dien hie, kaam op in troch-de-wykse dei in groepke bern foarby dat op it tsjerkeplein boarte. “Binne jo de nije dûmny?”, frege ien fan de bern him. “Ja”, antwurdde hy, hoewol’t er him wol ôffrege hoe lang’t men de titel ‘nij’ fiere mocht. Doe kaam lykwols de folgjende fraach al: “Binne jo kristlik?”   )* út: Geandewei jrg.30 nr. 18
Blykber wie dit lêste foar it bern net in fanselssprekkend gefolch fan it earste. Moai wol eins, net, ast der eefkes oer neitinkst? In spegel foar ús allegearre, dochs?

In protte fan ús sille har identifisearje as kristen, mar dat betsjut net dat wy as fanselssprekkend dan ek ‘kristlik’ binne, dat wol sizze: ús leauwe, ús hope en de leafde fan Kristus foarm jouwe en útkomme litte yn ús dwaan, ús litten, ús sprekken en tinken…
De kar om kristlik te wêzen moatte wy hieltyd op ’e nij meitsje. Want hoe giet soks…. eefkes stean bliuwe by dat groepke kollega’s dat it oer in oare kollega hat….
fan kanaal wikselje of in oare side opsykje as it leed fan minsken ús fia de media yn de eagen sjocht, mar wy gjin nocht ha oan noch mear negative berjochtjouwing (‘wat kinne wy der ek oan dwáán?’)…
                                       
Foardat je it witte rinne jo samar in eintsje mei op ’e ‘brede wei’. En fansels, wy kinne ek net alles, mar dochs..


3
Ofrûne nei-jier ferskynde in kristenpolitikus yn in talkshow op ’e televyzje. Hy wie dêr om oer syn boek te praten en fertelde doe ek fan de kear dat hy him yn it iepenbier útsprutsen hie op in wize dêr’t er him efterôf fan realisearre dat it te bot gien wie. Hy dielde mei ús as publyk dat er sawol op persoanlik nivo as ek op it partijkongres oanjûn hie dat dat mis west hie. Hy naam sels it wurd ‘ferjouwing’ yn de mûle. Net samar fanselssprekkend, wis en wrachtich yn de politike arena lang net altyd, mar wát ynspirearjend!

Mei hert en siel, mar ék mei hannen, fuotten, mûle en ferstân kristlik wêze, dat blykt yn ús libben net mar rjochtút fansels te sprekken. It is in wei dy’t alle dagen keazen wurde wol en keazen wurde mei, en wy kinne  bytiden ek wolris stróffelje op it paad fan leauwe, hope en leafde. Mar gelokkich is dêr altyd de hân fan de Iene, dy’t ús fêstgrypt, wer rjocht op ’e fuotten set en bemoedigjend seit: ‘Folgje My. Navigearje de rjochting dysto kiest hieltyd opnij op wat Ik sein ha en dy foardien ha.’
Mei dy wurden nûget Er ús út it wiere libben te finen.
Dat wy ús dan nûgje litte en sá ús wei ferfolgje, elk fan ús persoanlik en as mienskip meiinoar yn de tiid dy’t foar ús leit!
                                    

 
21 jannewaris Tsjinst mei en troch Jiddysk muzykselskip Samoosara (lieten, witzen, teksten)
18 febrewaris * dhr. W. Feddema fan Hantum (PTN)
17 maart mefr. A. de Groot, Stiens (Mennist).
M.m.f. Kr.mingd koar Advendo út Kollum û.l.f. mefr. D. Spoelstra-Riemersma.
Oargelist: mefr. H. Talstra
21 april * mefr. drs. J. Kerkhof út Hantumhuzen (PTN)
 
19 maaie ds. A. Reitsma fan Hilversum (PTN).
Oargelist: dhr. M. Holwerda
Trompettist: P. Wissmann
M.m.f. blokfluittrio Gaudete
 

16 juny
dhr. T. Simonides út Burdaard (PTN).
Oargelist:  dhr. K. Rensma
 
 
15 septimber mefr. H. Mulder – Vogelzang út Yndyk (RK).
M.m.f. blokfluitensemble It    
Kwartet.
Oargelist: dhr. M. Holwerda
 
20 oktober * ds. U. Tjallingii fan Bitgummole (PTN).
Iepen Hillich Nachtmiel
 
17 novimber
 
ds. P. Beintema út Dokkum (PTN).
Under foarbehâld: Meiwurking fan Kr.mingd koar Canto Libre út Bûtenpost.
Oargelist: dhr. M. Holwerda
 
15 desimber dhr. E. Goodijk út Ternaard (PTN).
M.m.f. blazers fan de Lauwersfanfare út
Ingwierrum/Ie e.o.
                                                                                                4                      
 
 

*Tsjinst yn gearwurking mei de Prot. Gem. Hantum c.a.
Alle tsjinsten begjinne om 9.30 oere



 
yn juli en augustus is der yn Hantumhuzen

gjin tsjinst fan it FOWD

                                                                                                    
6


De tsjinsten wurde ôfsletten mei it sjongen fan Liet 416 út it nije Lieteboek:           Hear, wês mei ús oant in oare kear

tekst:                            Jeremiah E. Rankin ‘God be with you till 
                                   we meet again’ by 1 Kor. 1 : 2
oersetting:                   Bearend Joukes Fridsma
meldij:                         Ralph Vaughan Williams ‘Randolph’

Grûnslach:
 
De grûnslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide (neffens Romeinen 10:9).

Doelstelling:
 
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel hat ta doel om regelmjittich earetsjinsten yn de Fryske taal yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen te hâlden


KRÚSPUNT
Sûnt juny 2009 moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t  mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om de tsjerke hinne.
KRÚSPUNT is, as fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip, it nije Frysk Oekumenysk Platfoarm. Organisaasjes dy’t har rjochtsje op it befoarderjen en brûken fan it Frysk yn en om tsjerke hinne, kinne elkoar dêr fine en ynformaasje útwikselje.
KRÚSPUNT, oan ’e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelingen, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streektalen. Sjoch ris op www.kruspunt.nl

7
Finansjeel jierferslach fan it Frysk Oekumenysk
Wurkferbân Dongeradiel oer it jier 2022

Saldo   1-1-2022   € 8148.56


Ynkomsten                                                  Utjeften
Jeften                                    €  505,00       Foargongers       €    253,30     
Kollektes                               €   776,05     Hier Tsjerke        €     420,00                                                                                      
                                                                      Bankkosten        €     119,40
Hiemside Hegebeintum     €  177,87      Hiemsiede          €     355,74
FOW Earnewâld                   €  250,00      Muzyk                 €     520,00

 

Ynkomsten                           € 1708,92      Utjeften              €  2069,87


Saldo 31-12-2022                                                                     €  7787.61

De jildmiddels fan it FOWD:
Dy besteane út de opbringsten fan kollekten yn de earetsjinsten en út jeften fan stipers.
Tige graach notearje wy jo ek as stiper fan it FOWD. Dêrmei meitsje jo it ús mooglik om ek yn de takomst Frysk Oekemenyske tsjerketsjinsten hâlde te kinnen yn de prachtige St Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Jo kinne dêrfoar gebrûk meitsje fan it stipersbledsje yn dit ynformaasjekrantsje of nim efkes kontakt op mei ien fan de bestjoersleden.
Jeften foar 1 kear binne fansels ek fan herte wolkom op banknûmer NL91 RABO 0367210444
FOWD is in ANBI ynstelling ûnder nû. 815779021.

                                                                                                


  8

PREEKROASTER Hegebeintum 2024
       
       
       

4 febrewaris     9.30 oere          Drs. J. Kerkhof             Hantumhuzen
3 maart             9.30 oere          Dhr. P. Knijff               Raard
Wite tongersdei Hillich Nachmiel
28 maart           19.30 oere        Dû. B.G. Keizer Eastrum
7 april              9.30 oere          Drs. T. Simonides         Burdaard
5 maaie             9.30 oere          nnb
2 juny              9.30 oere          Dû. E. van der Veer      Ferwert
7 july               9.30 oere          Frou A. de Groot          Stiens
4 augustus        9.30 oere          nnb
1 septimber      9.30 oere          Dhr. P. Fortuin             Deinum
6 oktober         9.30 oere          Dû. A. Elverdink          Eastermar
3 novimber       9.30 oere          Dû. J. Zeldenrust          Mantgum        
1 desimber       9.30 oere          Br. J. Regnerus             Drachten
24 desimber     21.00 oere        Dû. P. Beintema           Dokkum
31 desimber     19.00 oere        nnb



9
PASTORAAT OFTEWOL OMTINKEN FOAR MEKOAR


It doel fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is om regelmjittich earetsjinsten te hâlden yn de Fryske taal yn de St. Annatsjerke fan Hantumhuzen.
Wy binne ek hiel bliid om dat 10 kear yn ‘t  jier dwaan te kinnen. Fan dy 10 kear binne 3 tsjinsten yn gearwurking mei de PTN Hantum.

Op de tredde snein fan de moanne komme der in protte minsken nei Hantumhuzen om de ienheid yn Kristus te fieren.
De besikers komme út in grút ferskaat oan wenplakken en út in ferskaat oan tsjerken. Mar net alle besikers hawwe (noch) in like sterke ferbining mei in tsjerklike gemeente of parochy.

De fraach kaam: wat kinne wy dwaan mei minsken, dy’t  gjin of net in soad tsjerklike bining hawwe? As der net direkt in dûmny, pastor of pastoar frege wurde kin, wêr moatte wy dan hinne foar it saneamde pastoraat, it omtinken foar mekoar.
It Wurkferbân is yn dit opsjoch gjin tsjerklike gemeente.

Dochs wolle wy ek in iepen each en ear foar mekoar hawwe as dêr ferlet fan is!
We bin dus ek tige optein dat dû P.Beintema ree is om ús pastoraal adviseur te wêzen. Hy wol ek de besykers fan it wurkferbân pastoraal ondersteune at der ferlet fan is.

                                                                                                             


                                                                                                               10




Fan it FOWD 

Leave minsken,

2022 hat ús wer wat yn ús normale ritme brocht.
It Koroana spook is der noch wol mar it blykt no dochs wat mear yn de hân te hâlden.
Ek langsum komt de tsjerkebesite wer op gong, sieten we de earste kear mei 5 minsken yn tsjerke wurdt dit stadich oan wer wat mear.
Ik tink dat it net wer sa wurt is foar koroana, der bin spitich genôch minsken ferstoarn en we merke dat der steeds minder minsken harren ferbûn fiele mei in tsjerke.
Dat betsjut net ,tink ik, dat der minder oer it liuwen nei tocht wurd. Dat klink miskien frjemd mar der bart sa folle om ús hinne mei klimaat, stikstof en ekstreme lûden yn de polityk dat we in stikje besinning sûnder mear nedich ha.
Dat doch ik it at it heal kin yn myn memmetaal.Mei derom, riede wy as bestjoer wer 10 tsjinsten ta yn ús tsjerkje fan Hantumhuzen.
`Ýn ús eigen taal``
Ek bin we bliid dat it bestjoer wer fersterke is mei Tineke Toren út Dokkum. Tige wolkom.

We hoopje de lêzers wer werom te sjen yn de Anna Tsjerke

Ut namme fan it bestjoer, 

Fedde Breeuwsma, Foarsitter ai.



Omtinker;
Sjoch efkes op ús hiemside oft de tsjinst troch giet.

                                                                                                  2   
De pastoar fan Königsleiten  (troch Wim Beekman)

Er is krekt in pák fallen, dat it wurdt krouskje troch de farske wite snie om it tsjerkje noch op ’e tiid foar de mis te berikken.
Wy komme fiif menuten te let, mar wurde o sa gastfrij ynhelle. De koster riist op út ’e bank en bringt ús in lieteboek. De pastoar knikt ús bliid ta.
Gjin wûnder, want wy binne tsjerkegonger nûmer fiif en seis.
“Wy ferheegje it tal tsjerkegongers hjir fuortdaliks mei 50 persint,” sis ik súntsjes tsjin myn frou. Dêr soe ik yn myn Fryske doarpsgemeente ek bliid mei wêze, 50 persint der bý.
In pear menuten letter meitsje leauwige sân en acht de freugde kompleet – dizze tsjinst kin net mear stikken.

Twa dingen reitsje my. Yn ’t earste plak dat der yn dit drokke wintersportdoarp mar sa’n bytsje minsken yn tsjerke komme.
De parkearplakken steane hjir fol dikke auto’s, de apparteminten binne allegear ferhierd en it is in optilling fan ‘oant yn de puntsjes útriste’ skiërs. De gemiddelde wintersporter hat blykber “meer met het weer dan met de Heer”.
It twadde dat my rekket is dat dizze pryster him dêr neat fan oanlûkt. Gjin oargelist of tsjerkerie om him by te stean, allinne hysels, de koster – dy’t ek lêzer is en de mis mei betsjinnet-  en acht tsjerkegongers. Foar menear pastoar is it genôch om syn tsjinst te ferrjochtsjen. Hy ropt de himel oan om ûntferming, sjongt -hast allinne- de âlde wizen, lêst it evangeelje, bidt foar de frede en de siken en dielt bôle en wyn.
 
3

Stichte geane wy wer werom nei ús ferbliuw.
Myn inerlike ûnrêst oer in hieltyd lytser wurdende tsjerkemienskip en de berjochten -altyd mar wer-  oer de leechrin fan de tsjerken ferdwynt as snie foar de sinne.
Foar ééfkes, want ik ken mysels, -neat feroarliker as it waar en de mins-, mar dóchs..

 ‘Wat kin ik dochs lytsleauwich wêze,’ tink ik beskamme. Nim no sa’n berchdoarpke, dêr’t in pear minsken it beskieden tsjerkje mei leafde ynrjochtsje; mei it waarme hout en de opljochtsjende rúten, de baarnende kearsen – fielber leauwe, hope en leafde fan gewoane minsken.

Nim sa’n pastoar dy’t de minsken net ferlit, mar gewoan stil tróch docht. Foarbyld fan it bibelwurd “Wêr’t twa of trije..”
Meiinoar de Godslampe baarnend hâlde.

Trouwens, sa’t menear pastoar ús hjir by it útgean ien foar ien nei foaren ropt en foar elk fan ús in persoanlik wurd hat, in persoanlike seine meijout – dat soe er yn in folle katedraal nea dwaan kinne..









                                                                                                     4                      
 
15 jannewaris Ds Jelle Nutma út Drachten                                                    Kr.Griff.
Oargelist: dhr. Jaap Sake Heeringa
                                                    
 
19  febrewaris * Drs Janneke Kerkhof fan Hantumhuzen PTN
 
19  maart dhr. Jan van der Meer út Drachten PTN
Oargelist: dhr. Martinus Holwerda
Trompetist; Peter Wissman
 
16 april * Frou Andrea Plantinga út Ie  PTN
 
21   maaie 21 maaie – ds. W. Feenstra,
Twizelerheide  PTN
 Oargelist: dhr. K. Rensma
 Muzyk: 'Blokfluittrio Gaudete"
 
18   juny Frou. Jolanda Tuma, Winsum (Gr.)                
                                                                     PTN
Muzyk: Saxgroep Oranje
 
 
 Preekroaster 2023 Hantumhuzen
Sjoch ek ris op de hiemside fan it  Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel en Hegebeintum
www.frysketsjinsten.n
  1.  

17   septimber ds. W. Veltman, Reitsum   PTN
Muzyk: De Sionsjongers út 
               Nijewier û.l.f. frou.
               Zwaanette Dijkstra
               Piano: Zwaanette Dijkstra
15  oktober * dû. U. Tjallingii, Easterbierrum. PTN
Iepen Hillich Nachtmiel.
 
19 novimber dhr. T. Simonides, Burdaard   PTN     
Oargelist: dhr. K. Rensma                                                               
17  desimber frou. H. Mulder-Vogelzang, Yndyk, RK
Oargelist: dhr. Martinus Holwerda
Muzyk: koar Juliana út Burdaard                        
              û.l.f. dhr. Joop de Jong
 
 
Yn juli en augustus wurdt deryn Hantumhuzen gjin tsjinst fan it FOWD holden

*tsjinsten yn gearwurkjen mei Prot. Gem. Hantum c.a.
De tsjinsten wurde ôfsletten mei it sjongen fan Liet 416 út it nije Lieteboek:
Hear, wês mei ús oant in oare kear

tekst:                            Jeremiah E. Rankin ‘God be with you till 
                                   we meet again’ by 1 Kor. 1 : 2
oersetting:                   Bearend Joukes Fridsma
meldij:                         Ralph Vaughan Williams ‘Randolph’

                                                                                                    6

Grûnslach:
 
De grûnslach fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide
(neffens Romeinen 10:9).

Doelstelling:
 
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel hat ta doel om regelmjittich earetsjinsten yn de Fryske taal yn de Sint Annatsjerke fan
Hantumhuzen te hâlden





KRÚSPUNT

Sûnt juny 2009 moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t  mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om de tsjerke hinne.
KRÚSPUNT is, as fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip, it nije Frysk Oekumenysk Platfoarm. Organisaasjes dy’t har rjochtsje op it befoarderjen en brûken fan it Frysk yn en om tsjerke hinne, kinne elkoar dêr fine en ynformaasje útwikselje.
KRÚSPUNT, oan ’e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelingen, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streektalen. Sjoch ris op www.kruspunt.nl

7

Wolle jo in Fryske tsjerketsjinst bywenje?

Besjoch de fryske tsjinsten hjir.