Frysk Oekumenysk Wurkferbân
As legere skoallejonkje koe ik der mei myn ferstân net by as master fertelde oer Jona yn de walfisk. Wat letter hearde ik in fisker sizzen: “As der yn de bibel stien hie dat Jona trochslokt is troch in hearring of in platfisk dan soe ik it ek leauwe.”
Moast ik it ferstân dan op nul sette? Ja, foar leauwe moast it ferstân op nul, waard my foarholden. Ik besocht it, mar it slagge net.
Jierren letter hearde ik yn in preek fan in dûmny fan kwizekwânsje: “Wat nu niet kan, kon vroeger ook niet.” Dy útspraak wie ferhelderjend. Underwilens hie ik ek begrepen dat bibelskriuwers graach gebrûk makken fan metafoaren en oare middels om harren boadskip te ûnderstreekjen. Dan waard in moai ferhaaltsje net fan in lyts leagentsje skeind sa as myn wize beppe plichte te sizzen.
Ik frege my dan ek ôf: Is leauwe mei it folle ferstân net earder in útdaging as leauwe mei it ferstân op nul? Leit it net yn de rede dat wy ynstee fan blynseach de eagen iepen hâlde as wy leauwe?
Meister Eckhart, in mystikus út de Midsieuwen, skewielt ús dêrby as er skriuwt: “Oer God wol ik swije.” Wy moatte de Ivige, de Unbeneambere net sels definiearje wolle en it eigen godsbyld tichttimmerje en as ûnoantaastber beskôgje.
As wy God oanroppe yn gebed en liet of yn rituelen en sakraminten sa as de doop en it Hillich Nachtmiel, en Him mannich eigenskippen tadichtsje en nammen jouwe dan is dat in helpmiddel. Yn de kultus wolle wy God earje en dat kin no ienkear net sûnder de Ivige eigenskippen ta te dichtsjen sa as dy fan Leafde, ljocht en wiisheid. Yn gebed en lieten is God in God fan treast en bemoediging om noch in pear fan dy eigenskippen te neamen. Nochris: dan giet it om ferearing yn kultustaal.
Elk hat syn eigen godsbyld. Safolle minsken safolle Godsbylden. En wa soe dan gelyk hawwe? Dêrom dogge wy der goed oan hoeden mei it wurd God om te gean. Men heart en lêst langer oantsjuttings as de Ivige en de Unbeneambere sa’t jim al murken hawwe.
God ferbine mei ivichheid wol my wol oan. Wy minsken binne fergonklik dus tydlik. Tiid is de fergonklike ferskiningsfoarm fan ivichheid. Gods ivichheid hat him yn ús tydlikheid útdrukt. Dan binne wy minsken dus de fergonklike ferskiningsfoarm fan God dy’t ivich is. Sa binne wy skepen nei syn byld. En glide wy by de berte de Ivichheid út en by de dea der yn werom. In treastrike gedachte, want yn it gebed en yn ús leauwe meie wy De Ivige in Heit neame dy’t ús leafhat. Dy’t ús yn it ljocht fan it libben set en de earmen om ús hinne slacht as wy yn syn Ivichheid weromglide.
Dat dy ûnwerliedbere emoasje ús jûn wêze mei ús mei Him ferbûn én fan Him sjoen te fielen. Emoasje ja, want it gefoel wyt mear as dat it ferstân betinke kin. Leauwe mei it folle ferstân is dus úteinlik emoasje.
Ta beslút fan dizze bijdrage oan dizze Beintumer Bân in fers út myn nijste bondel “Ferbûn en sjoen - mimeringen oer myn leauwe en libben”.
Skepen nei syn byld
Hoe kin ik as minske ûntstien út in aai- en siesel
lykwols in skepsel fan God wêze?
By de berte glide wy de ivichheid út; by de dea der wer yn werom.
Lit ús Ivichheid godlik neame en tiid in fergonklike útdrukking fan ivichheid.
En de minske in flechtige en fergonklike útdrukking fan tiid.
Sa binne wy lykbyldich oan elkoar nei it byld fan God
dy’t him yn dysels en dyn meiminske lykbyldich útdrukt.
It godlike fermannichfâldiget him sa skeppenderwize.
Ald-testamintyske bibelferhalen hawwe in ferbûn kreëarre tusken God en minske.
Yn it Nije Testamint hat Jezus it godlik ivichheidsprinsipe fold mei
de ynspirearjende krêften fan Leafde en Wiisheid en Ljocht.
Dy hjirmei ferbûn en hjirfan sjoen fiele is in emoasje
dy’t ynspirearret ta in wollen.
Dat is in kar foar de God fan it ferbûn én de wei fan Jezus.
Willem Abma
dichter/theolooch
Besjoch de fryske tsjinsten hjir.